Liveblog | 17 desimber 2020

Coronanijs fan 16 desimber: 221 nije besmettings | Kabinet skerpet regels foar winkels oan

Dit is it liveblog fan woansdei 16 desimber mei it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 17 desimber 2020, 07:38
23:00

Ein fan dit liveblog

Dit wie it liveblog fan woansdei 16 desimber. Tank foar it folgjen!
21:30

LDODK set 16 jannewaris wer útein yn Kuorbal League

De Kuorbal League, it heechste kuorbal-nivo fan Nederlân mei dêryn LDODK fan De Gordyk, set 16 jannewaris wer útein. Dat hat it KNKV woansdei bekend makke. Ek de Reserve Kuorbal League, wêryn't de twadde teams útkomme, mei wer los. De kompetysje giet fierder yn twa pûls fan seis teams.
18:52

Skoaleksamens ferspraat en ekstra twadde kâns

Eineksamenlearlingen krije dit skoaljier fanwegen de coronakrisis mear romte om harren eksamens te dwaan. Dat skriuwt ûnderwiisminister Arie Slob yn in brief oan de Twadde Keamer.
Der komme twa tiidfekken wêryn't se de eineksamens meitsje kinne. Dêrtroch kinne learlingen dochs alle eksamens meitsje as se yn it earste blok siik wêze soene of yn karantêne moatte fanwegen it coronafirus.
Ek meie se der sels foar kieze in eksamen nei it twadde plak te ferskowen, sa't se mear tariedingstiid hawwe. Boppedat krije se in ekstra twadde kâns.
It earste tiidfek is fan moandei 17 maaie oant en mei tiisdei 1 juny en it twadde is fan moandei 14 juny oant en mei freed 25 juny. It fak foar de twadde kânsen is fan 6 july oant en mei 9 july.
16:51

Nei bûten mei de blommen

It is foar blommisten tastien om foarearst oant de krystdagen guod te ferkeapjen. De winkels sels moatte ticht, mar foar de winkels is it tastien om in kreamke del te setten. Dêrmei is neffens brancheferiening Vereniging Bloemist Winkeliers, de lobby foar in grut part slagge.
Op Rijksoverheid.nl stiet spesifyk fermeld dat winkels in blommeferkeap in bûtenpresintaasje ynfolje mei. Op basis fan dy ynfo meie je derfan útgean dat bûten de winkel in ferkeap- en ôfrekkenpunt ynrjochte wurde mei, sa seit de VBW. It ôfheljen fan produkten, is allinnich tastien op bestelling. Besoarging bliuwt ek mooglik.
16:32

Action dochs wer ticht

Winkelketen Action docht dochs de doarren fan harren winkels ticht, no't it kabinet in oanskerping fan de coronaregels oankundige hat. Guon filialen soene al ticht wêze. Sa kamen BOA's yn aksje yn Amsterdam om in Actionwinkel dêr te sluten.
De rom 400 filialen fan de Action diene woansdeitemiddei de doarren wer iepen, nettsjinsteande de lockdown. Neffens de winkel waard der genôch essensjeel guod ferkocht op in iepening te ferantwurdzjen. Mar minister Hugo de Jonge liet witte dat dit net de bedoeling wie. "Dit is niet het moment om de randen van de regels op te zoeken, en daarom kan het gewoon niet."
De Action fûn de reaksje fan de minister 'net fair'. "Wij hebben niet de randen opgezocht, maar de regels gevolgd zoals ze staan op Rijksoverheid.nl en zijn uitgelegd na navraag bij het ministerie van Economische Zaken."
16:40

Stel jo fraach oan Wim Kleinhuis fan de Feiligheidsregio

We binne wer yn in hurde lockdown bedarre. Mar hokker winkels meie no noch wol iepen en wêrom? En hoe hâlde wy dizze tiid mei ús allen fol? Stel dyn fraach oan direkteur Wim Kleinhuis fan Veiligheidsregio Fryslân. Hy is fan 'e middei tusken 16:00 en 17:00 te gast yn ús radioprogramma Weistra op Wei. App dyn fraach nei de Omrop-app of belje (058-2123618) tusken 16:00 en 17:00 nei de studio!