LTO Noord: 'Provinsje moat tasjen op earlike hannel stikstofrjochten'

16 des 2020 - 10:44

LTO Noord makket him soargen dat de grutte bedriuwen de measte stikstofrjochten opkeapje sille as sneon it saneamde ekstern saldearjen yn Fryslân iepenset wurdt: it oankeapjen fan stikstofrjochten troch bedriuwen dy't sels te min stikstofromte hawwe. Neffens de boerebelange-organisaasje moat de provinsje der strang op tafersjen dat de hannel yn de rjochten earlik ferrint en dat boeren net efter it net fiskje.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Der binne aardich wat bedriuwen dy't op de mooglikheid foar ekstern saldearjen sitte te wachtsjen. It kin dan gean om ûndernimmers dy't útwreidzje wolle, mar ek om wenningbouprojekten dy't tydlik stikstofrjochten nedich hawwe. De Fryske regeling foar it ekstern saldearjen jildt earst foar in jier en wurdt nei de tiid evaluearre.

Djipste bûsen

LTO Noord is benaud dat de stikstofrjochten oan de noas fan de boeren foarby giet. "Om't de stikstofrjochten ferhannelber binne, is dejinge mei de djipste bûsen de keapman", leit Trienke Elshof fan de boerebelange-organisaasje út.

De gruttere bedriuwen mei in soad jild soene de stikstofrjochten dan opkeapje, yn stee fan de boeren. Elshof: "It soe bygelyks sa wêze kinne dat in bedriuw as Eemshaven stikstofrjochten yn Fryslân keapet om't dy dat nedich hat foar syn bedriuw. Ast der gjin sicht op hâldst, liedt dat ta ûnkontrolearre ferkeap fan stikstof."

Tafersjoch

LTO Noord wol dat de lânbousektor foarút kin en har ûntwikkeljen bliuwt. "We hawwe der in jier mei dwaande west om dat goed te regeljen", seit Elshof. "We hawwe der benammen by de minister op oantrune dat der goed tafersjoch holden wurdt. As it te hurd giet, moat der yngrypt wurde."

Reade knop

De organisaasje stie derop dat de provinsje mei goede rânebetingsten kaam. "Eltse transaksje moat meld wurde by de provinsje en dy moat yn de gaten hâlde oft der net te folle stikstofromte fan de lânbou nei oare sektoaren oergiet", seit Elshof. "Der is in soarte fan reade knop kommen om dat te beskermjen."

Yn guon provinsjes is it ekstern saldearjen al iepenset. De ferkeap fan stikstofrjochten rint lykwols noch gjin stoarm. "Dat hat dermei te krijen dat net alle provinsjes de regeling iepenset hawwe", ferklearret Elshof.

Trienke Elshof fan LTO Noord

(Advertinsje)
(Advertinsje)