"Hillichferklearring Titus Brandsma mooglik yn febrewaris al"

16 des 2020 - 10:25

Pryster en heechlearaar Titus Brandsma fan Boalsert kin mooglik yn febrewaris al hillich ferklearre wurde, dat seit filosoof en professor Christoph Lüthy tsjin VOX, in ûnôfhinklik magazine fan de Radboud Universiteit yn Nijmegen.

Foto: ANP Foto

Titus Brandsma is yn 1985 al sillich ferklearre troch Paus Johannes Paulus II. Under oare foar syn ferset tsjin it nazisme yn de Twadde Wrâldoarloch en syn martelderskip. Brandsma kaam yn 1942 om it libben yn konsintraasjekamp Dachau.

Der is no in wichtige stap set foar de hillichferklearring. Dat hat te krijen mei de 'wûnderlike' genêzing fan Michael Driscoll, in karmelyt út Florida. De man hie in agressive foarm fan kanker, mar waard wer better. Nei eigen sizzen, neidat er bidden hie ta Titus Brandsma.

In team fan fiif ûnôfhinklike katolike dokters hat no fêststeld dat de genêzing medysk sjoen ûnferklearber is.

Christoph Lüthy is dwaande mei in boek wêryn't ek in haadstik skreaun is oer de ferneamde Boalserter pryster. Oardel jier lyn gie hy dêrfoar nei Rome, en prate er mei de postulatoaren dy't it proses fan hillichferklearring tariede. "Sindsdien hebben we goed contact met elkaar", seit Lüthy tsjin VOX.

Lang proses

Mei de konklúzje fan de dokters is it foar Brandsma noch mar in pear lytse stappen nei in hillichferklearring. In kongres fan teologen moat no ûndersykje oft de Amerikaanske karmelyt yndie better waard troch it bidden nei Brandsma, sa leit Lüthy út. "Maar in vergelijking met de goedkeuring van de artsen is dat mogelijk niet meer dan een formaliteit."

Dêrnei moatte de kardinalen en biskoppen yn Rome har akkoart jaan, en moat ek de paus syn ja-wurd jaan. Dêrnei kin in datum socht wurde foar de hillichferklearring. "De Romeinse karmelieten zijn enthousiast. Zij denken dat het al in februari zover kan zijn", seit Lüthy. "Maar het kan evengoed nog duren tot 2095. Honderden dossiers komen in aanmerking voor een heiligverklaring, uiteindelijk is het een politieke keuze van de gezaghebbers."

It boek mei dêryn omtinken foar Titus Brandsma komt út as er hillich ferklearre wurdt, of oars yn 2023, by it hûndertjierrich jubileum fan de Radboud Universiteit dêr't Brandsma wurke hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)