Keunstners bestride iensumens yn Ljouwert mei ferhalen oer de leafde

16 des 2020 - 08:24

Mei keunst iensumheid bestride, dat bart yn de gemeente Ljouwert mei ferskate projekten. Yn dizze coronakrisis leit iensumheid mear as ea op de loer. It projekt slacht dan ek bot oan en krijt dêrom takom jier in ferfolch. Ien fan de projekten is fan keunstnersduo CP Berbée en Sarah Sötemann. Se dûke mei bewenners fan soarchsintrum Florastate yn Ljouwert de leafde yn.

Projekt Iensumheid

Bewenners is frege nei in ferhaal fan harren oer de leafde. Dizze ferhalen binne opnommen en der is in podcast fan makke. Der komt fan alles foarby: oer hûn Lasse of oer de leafde foar Jiddyske muzyk. Hjir wurdt dan in ferske oer makke. "In een liedje kun je het verhaal weer op een andere manier terughoren, dat gaat recht naar het hart toe. Kunst is in staat mensen op een andere manier bij hun gevoel te brengen. We willen ze opnieuw de energie van het leven laten voelen", fertelt keunstner CP Berbée.

Singer-songwriter Sarah Söteman makket de ferskes en dêr wurdt in cd fan makke. Se fynt it alle kearen wer spannend om har ferske hearre te litten. "Vooral omdat het liedje speciaal voor iemand bedoeld is. Ik raak snel ontroerd als ik zie dat het degene raakt. Op zo'n moment moet ik goed mijn best doen om door te blijven spelen. Ik vind dit mooi en heel dankbaar", seit Sötemann.

Minsken moetsje

Doel is om minsken elkoar moetsje te litten en dat is slagge yn Florastate, sa fertelt bewenner Anja Oostenveld. Se wennet al twa jier op Florastate, mar hat net in soad kontakt mei oare bewenners. Dat komt om't se allegearre selsstannich wenje. Der binne wol aktiviteiten, mar hjir giet net elkenien hinne. "Ik haw guon meibewenners op in bettere en oare wize kennen leard", seit Oosterveld. Se tinkt dat dit it begjin wêze kin foar better kontakt, ek bûten dit projekt om.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Harkje nei de reportaazje fan ferslachjouwer Wendy Kennedy

(Advertinsje)
(Advertinsje)