Foarsitter melkfeehâldersfakbûn NMV wol hurdere oanpak guozzen

Melkfeehâlder Harmen Wiegersma, de Fryske foarsitter fan de Nederlandse Melkveehouders Vakbond (NMV), wol dat de guozzen winterdeis hurder oanpakt wurde om skea by boeren foar te kommen. Dat makke hy tiisdei dúdlik by de Raad van State yn Den Haag. Neffens syn fauna-adviseur Peter van Kempen soe it tal guozzen dat yn Fryslân delstrykt, de ôfrûne jierren mei faktor fjouwer tanaam wêze. Undersyksynstitút Sovon Vogelonderzoek bestriidt dat.
© Henk Bootsma
De Raad van State waard frege om sa gau mooglik in ynhâldlike rjochtsaak te belizzen oer de provinsjale natuerbeskermingsferoardering. Dêryn is regele dat by in beskerme guozzegebiet yn in strook greide fan 150 meter breed gjin guozzen ferjage wurde meie.
Neffens Wiegersma, dy't by Rinsumageast buorket, kin hy dêrtroch gjin guozzen ferjeie op sa'n 6 oant 7 bunder greide. De feroardering moat neffens him fan tafel, omdat dy yn striid wêze soe mei lanlike wet- en regeljouwing.

Mieningen ferdield

De provinsje jout 10 miljoen euro út foar guozzeskea, mar dat soe net genôch wêze. Der soe folle mear skea wêze dy't no net fergoede wurdt. Oer dy skea binne de mieningen ferdield. Ut in earder ûndersyk yn opdracht fan de provinsje, útfierd troch ekologysk advysburo Altenburg & Wymenga mei fûgelûndersikers fan Sovon Vogelonderzoek, docht bliken dat tsjin de tiid dat de earste sneed fan it lân helle wurdt, de measte skea troch guozzen al wersteld is. De skeataksaasjes soene te betiid komme.
Dat der neffens Wiegersma en fauna-adviseur Van Kempen no fjouwer kear safolle winterguozzen wêze soenen, fernuveret Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek yn Fryslân. "Ik ha gjin idee wêr't sy dy sifers fuorthelje", seit er. Neffens him doocht der neat fan. De reproduksje fan guon guozzesoarten rint bygelyks werom en de blesguozzen binne hieltiten koarter yn Fryslân.
Jagers Jan Dijksma en Jelle Veltman yn de ûnderwâl © Omrop Fryslân
Rjochter en steatsried Kees Borman fan de Raad van State makke dúdlik dat hy it probleem wol begrypt, mar neffens him kinne melkfeehâlders better nei de sivile rjochter stappe. De Raad van State kin yn dit gefal neat dwaan. Wiegersma sil no nei de sivile rjochter.