Trije No Surrender-leden ûntkenne stellen en strippen fan bestelbuskes

15 des 2020 - 22:21

De trije manlju dy't derfan fertocht wurde dat se op grutte skaal bestelbuskes stellen en stript ha, ha op de earste dei fan de behanneling fan de strafsaak alles ûntkend. De manlju waarden yn novimber 2019 oanholden.

Foto: ProNews

De fertochten út Noardwâlde en Vledder, allegear (âld-)leden fan de ferbeane motorklup No Surrender, sizze dat se har net dwaande holden ha mei 'louche' saken. Ien fan harren neamde it plysje-ûndersyk 'science fiction'. Troch it ûndersyk, en alles wat derefter wei kaam is, is syn eigen bedriuw nei eigen sizzen "naar de knoppen".

Neffens de plysje binne tsientallen gefallen fan autodieverij werom te lieden nei de trije fertochten. De auto's soene binnen 30 oeren nei de dieverij stript wêze en de ûnderdielen trochferkocht. De saak kaam oan it ljocht nei in tip by Meld Misdaad Anoniem, dat der loadsen yn Wynjewâld en Noardwâlde stellen auto's stript wurde soenen.

Op de sitting waarden de trije fertochten konfrontearre mei goed 300.000 euro oan skeaclaims, fan dupearre autobesitters en fersekerders. De saak giet tongersdei fierder. Dan komt it Iepenbier Ministearje mei de strafeasken en komme de advokaten oan it wurd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)