Smoardrok by slachterij yn stil Surhústerfean

15 des 2020 - 21:14

Wylst it by de measte winkels yn Surhústerfean tsjuster is, hat slachterij Albert & Aukje it tige drok. Albert de Haan: "It jout sa'n dûbeld gefoel. Sels ha je it hartstikke drok, mar ast sjochst nei de kollega-ûndernimmers: dat is ferskriklik. Dat je slute moatte yn dizze tiid fan it jier. Dat is tryst. It wie moandei in nuvere dei, earst kaam it nijs en dêrnei wie it in gekkeboel yn it sintrum. Minsken moasten allegearre noch wat hawwe. En in dei letter is it rêstich."

Slachter Albert de Haan fan Keurslager Albert & Aukje yn Surhústerfean - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Rêstich is it bygelyks by moadewinkel Van der Lijn. Sy moatte nei de maatregels fan moandei ticht. It fielt ûnwerklik, seit eigener Bernard Baron. "Normaal ben je er de hele dag mee bezig, en nu is je winkel dicht en mag-ie niet open." Gewoanwei hat Baron sa'n njoggen minsken oan it wurk op in trochdewykse dei. "Vandaag hebben we maar een beetje schoongemaakt en wat koffie gedronken. Even laten bezinken."

It is foar ús de drokste tiid fan it jier, wy sitte de hiele wike yn de rolladen en krystpakketten.

Albert de Haan fan de slachterij

Mar by de slachterij is noch genôch te dwaan. "It is foar ús de drokste tiid fan it jier, wy sitte de hiele wike yn de rolladen en krystpakketten. Wy moatte it fan dizze tiid hawwe. Der wurkje tsien man by ús, plus Aukje en ik sels. En no hawwe wy noch wat ekstra help fan freonen en famylje."

Unwissichheid is dreech

De Haan besiket de coronamaatregels sa goed as mooglik te folgjen. "Net te folle minsken yn de winkel, mûlkapkes op en ôfstân hâlde. Mei de krystdagen ha we ek in spesjaal pick-up-plak om de drokte te sprieden. Mar it bliuwt dreech, benammen de ûnwissens. Je witte net wat de gefolgen binne as in meiwurker it krije soe. It is al moannen it petear fan de dei."

In gelok wie dat de slachter tafallich al dwaande wie mei it opsetten fan in webshop. "Dat hat in grutte ympuls krigen. Ik bin wol bliid dat wy iten by de kwetsbere minsken bringe kinne."

Posityf bliuwe

Dat besykje se by Van der Lijn no ek. "Tsja, de winkel is dicht. Dus we proberen het nu online, maar dat is toch anders. De winkel hangt nu vol. We gaan zien hoe het komt. Het is even niet anders, maar we moeten positief blijven. Hopelijk werken deze maatregelen en kunnen we daarna weer los." En der binne altyd guon dy't it noch dreger ha: "Hier naast mij zit Kolkzicht, een horecagelegenheid. Die zijn al sinds 15 oktober dicht. Laten we hopen dat het over vijf weken weer kan."

Bernard Baron fan moadewinkel Van der Lijn - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)