FIDEO: In jonge Totilas, berne en foarme yn Broeksterwâld

15 des 2020 - 22:59

It earder tophynder Totilas is dea. Totilas, berne en foarme yn Broeksterwâld, wurdt sjoen as it bêste dressuerhynder ea. Mei dressuerruter Edward Gal pakte er de grutste prizen. Letter kocht in Dútske eigener Totilas oer. Woansdei waard er net goed. Totilas waard noch operearre, mar hy hat it net oprêden. Totilas is 20 jier wurden.

Jan en Anna Schuil ha Totilas grut makke, hy wie al op hiel jonge leeftiid in fenomeen:

Totilas yn 2009

Koartlyn seach Gal noch werom op syn tiid mei Totilas. "Mensen hadden nog nooit zoiets gezien, dat een paard zo kon lopen. Ze noemden het niet voor niets 'niet van deze wereld'. Zelf wende je eraan. Maar iedere keer na een wedstrijd, als je de commentaren hoorde en las, dan besefte je wel dat het heel bijzonder was. Ik kreeg na afloop ook van juryleden wel eens te horen dat ze kippenvel kregen en tranen in de ogen omdat we ze zo geraakt hadden. Soms had ik dat zelf ook wel. Dat een proef zo goed op de muziek paste, dat ik het gevoel kreeg van: wauw, zo moet het zijn."

Trefwurden: 
Broeksterwâld hynder Totilas
(Advertinsje)
(Advertinsje)