Team Frysk siket iis: Alvestêdehal is ticht en yn Thialf mei net

15 des 2020 - 19:14

De reedrydploech Team Frysk fan trainer Siep Hoekstra moat op syk nei nij iis om goed op te trainen. De ploech trainde de ôfrûne moannen yn de Alvestêdehal yn Ljouwert, mar dy giet ticht. No ride Marwin Talsma en Reina Anema en konsorten yn Thialf, mar ek dy situaasje is net ideaal.

Reina Anema en Siep Hoekstra - Foto: www.orange-pictures.nl

"We sitte yn itselde oere as de massastart", leit Hoekstra út. "Dat is in spesjaal oere foar riders dy't meidogge oan de massastart." Team Frysk kin sels net in oere krije yn Thialf of meitraine mei oare profploegen, omdat se gjin topsportstatus ha. "We traine en ride as topsporters, mar we wurde sjoen as amateurs."

Riders as Anema en Talsma dogge lanlik mei de bêsten mei. Kinne dy gjin útsûndering krije? "Dat wol elkenien wol, útsein de KNSB", seit Hoekstra. Mar ek foar it reedrydbûn is it net maklik. "Dy moatte dat dan wer oanfreegje by de minister fan Sport. Dat is lestich."

Protte ymprovisearje

It is in drege perioade en it freget in soad ymprovisaasje. "Je moatte geduld ha, geduld ha en nochris geduld ha. Sa dienen we de krêfftraining ek altyd by in fitnesshal op It Hearrenfean, mar dy moatte ek ticht. Dus ek dêrfoar moatte we in nije lokaasje sykje. Ik praat mei Thialf oft it dêr kin, mar dêr meie allinnich guon riders teplak dy't dêrfoar útnûge binne."

Je binne hieltyd oan it beljen of oan it appen wat der mooglik is. Dat kostet in hiel soad enerzjy en it is net ideaal.

Siep Hoekstra fan Team Frysk

It ymprovisaasjefermogen smyt wol op dat de riders fan Team Frysk kommend wykein meidogge oan in KNSB-westriid. "Dy wedstriid kinne we dan brûke om yn kondysje te bliuwen. Freed is der in 500 meter. No is Marwin Talsma in lange-ôfstânsrider, dus brûkt er de 500 meter echt om in rap rûntsje te trainen."

"It is gewoan hiel ûnrêstich", seit Hoekstra. "Je binne hieltyd oan it beljen of oan it appen wat der mooglik is. Dat kostet in hiel soad enerzjy en it is net ideaal."

(Advertinsje)
(Advertinsje)