Nyck de Vries twadde yn Formule 1-test: "Wat een ongelooflijke auto"

In bysûndere prestaasje fan autokoereur Nyck de Vries: foar it earst hat in Fries yn in Formule 1-wein in race riden. By in testwedstriid yn de Feriene Arabyske Emiraten einige de Twellingeaster as twadde.
It gie om de saneamde Young Driver Test op it sirkwy fan Abu Dhabi. Nyck de Vries sette de twadde tiid del yn syn wein fan it kampioensteam Mercedes. Syn rapste ronde wie 1.36,595. Dêrmei wie er twa tsienden stadiger as Fernando Alonso. De Spaanske âld-wrâldkampioen wie de fluchste yn in auto fan Renault.
"Dit was een heel bijzonder debuut in de Formule 1. Wat een ongelooflijke auto, hij komt echt van een andere planeet", seit De Vries. "Je kunt zo laat remmen en zoveel snelheid meenemen de bocht in. Het was een genot om in deze auto te mogen rijden en het verbaasde me hoe snel ik me op mijn gemak voelde in de auto. Het team was ook heel behulpzaam en deed er alles aan om mij een goed gevoel te geven."
De Vries ried yn totaal 110 rûntsjes yn de W11.

Formule E

Ek de Belch Stoffel Vandoorne mocht in testrit meitsje yn de flugge bolide fan Mercedes. Hy waard tredde. De 25-jierrige Nyck de Vries waard yn 2019 wrâldkampioen yn de Formule 2. It slagge him doe net om troch te brekken yn de Formule 1. Hy keas foar in ferfolch yn de Formule E, in klasse foar elektryske auto's.