De hannel yn stikstofrjochten begjint sneon yn Fryslân

15 des 2020 - 17:55

Fan sneon ôf kinne ek feehâlderijen yn Fryslân harren stikstofrjochten ferkeapje of 'ferlease'. Deputearre Steaten ha tiisdei grien ljocht jûn foar it saneamde 'ekstern saldearjen', it oankeapjen fan stikstofrjochten troch bedriuwen dy't sels te min stikstofromte hawwe. By it oerkeapjen fan stikstofromte mei de keaper 70 prosint fan de rjochten sels brûke. De lêste 30 prosint is foar de natuer.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Neffens deputearre Klaas Fokkinga sitte ferskate bedriuwen op de mooglikheid foar ekstern saldearjen te wachtsjen. It kin dan gean om ûndernimmers dy't útwreidzje wolle, mar ek om wenningbouprojekten dy't tydlik stikstofrjochten nedich hawwe. De Fryske regeling foar it ekstern saldearjen jildt earst foar in jier en wurdt nei de tiid evaluearre.

Klaas Fokkinga - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De lânbousektor is kritysk oer it ekstern saldearjen, omdat it risiko bestiet dat partijen mei mear jild stikstofromte opkeapje. De provinsje sil dêrom alle stikstoftransaksjes goed folgje om der foar te soargjen dat der 'gjin gekke dingen' barre.

De provinsje Fryslân soe earst yn oktober in beslút nimme oer it ekstern saldearjen, mar stelde dat doe út omdat de Twadde Keamer noch prate moast oer de stikstofwet fan minister Schouten fan lânbou. No't de Twadde Keamer grien ljocht jûn hat, fynt de provinsje it in goed momint om ek yn Fryslân it ekstern saldearjen ta te stean.

Deputearre Klaas Fokkinga oer ekstern saldearje

(Advertinsje)
(Advertinsje)