Provinsje komt mei coronasubsydzjeregeling foar lytse kulturele inisjativen

Om útfierende keunstners yn dizze drege tiid te stypjen komt de provinsje mei in nije subsydzjeregeling foar 'Lytse kulturele inisjativen'. Fan 4 jannewaris ôf kinne keunstners en poadia jild oanfreegje foar lytsskalige kulturele aktiviteiten op in iepenbiere lokaasje, sadree't dat wer kin.
© Omrop Fryslân
De provinsje tinkt dêrby oan poadiumkeunst, eksposysjes en community art. It lêste is in keunstfoarm wêrby't keunstners gearwurkje mei boargers om in keunstwurk oer in sosjaal of maatskiplik fraachstik te meitsjen.

Moaie kulturele en sosjale maitiid

Kultuerdeputearre Sietske Poepjes wol mei dizze regeling keunstners yn Fryslân stimulearje om wat nijs te ûntwikkeljen foar nei de lockdownperioade fan no. "Just om derfoar te soargjen dat we in moaie kulturele mar ek sosjale maitiid yngean, hawwe we dizze regeling makke", seit Poepjes. Neffens Poepjes hawwe in soad keunstners it dreech yn dizze coronatiid. Se wol ek poadia stimulearje om nei te tinken oer aktiviteiten nei de lockdown en dêrfoar yn gearwurking mei keunstners wat te ûntwikkeljen.
Foar de regeling is oardel ton beskikber. Oanfregers kinne 100 persint fan de kosten fergoede krije oant in maksimum fan 10.000 euro. De regeling is iepen fan 4 oant 15 febrewaris. De subsydzje wurdt ferdield op folchoarder fan datum fan ûntfangst fan de oanfraach.
Sietske Poepjes © Omrop Fryslân
Deputearre Sietske Poepjes oer de nije regeling