Nije teslokaasje GGD yn WTC yn Ljouwert yn gebrûk naam

15 des 2020 - 16:54

GGD Fryslân hat tiisdei yn it WTC yn Ljouwert in nije sneltestlokaasje op it coronafirus yn gebrûk naam. Stap foar stap kinne dêr aanst 1.700 minsken test wurde. Mei de nije lokaasje is de GGD yn steat om yn totaal goed 5.000 minsken op in dei te testen yn de provinsje.

Nije testlokaasje

De nije lokaasje is troch de GGD realisearre yn opdracht fan it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport en is bedoeld op tarieding foar in tredde coronaweach. De ynrjochting moast rap dien wurde en is yn fjouwer wike realisearre.

Dat ynrjochtsjen wie in hiele útdaging, seit Linda Hasz as haad fan de útfiering fan de coronateams binnen de GGD. "Maar met grote inzet en enthousiasme fan alle betrokkenen en landelijke steun is het gelukt."

Earste pasjinten by de corona-testlokaasje yn it WTC yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Op de lokaasje wurdt net allinnich test mar binne ek laboratoariumfasiliteiten ynrjochte. Dy binne bedoeld foar de sneltest. De kliïnten krije de útslach in pear oeren nei de test al te hearren.

Technysk is de GGD klear foar 5.000 testen deis. Mar om de testen út te fieren is noch wol ferlet fan nije minsken, bygelyks om de meunsters ôf te nimmen. Dat hoege net perfoarst ferpleechkundigen te wêzen. De GGD fersoarget sels ek in oplieding.

Laboratoarium by de corona-testlokaasje yn it WTC yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(Advertinsje)
(Advertinsje)