Persoan ferwûne by bedriuwsongelok yn garaazje Wergea

15 des 2020 - 15:41

By in ûngelok yn in autogaraazje yn Wergea is tiisdeiteemiddei in persoan ferwûne rekke. De wurknimmer fan de garaazje rekke beknypt tusken in auto en in poetsmasine. Hoe slim it slachtoffer ferwûne is, dat is net dúdlik. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

Foto: AS Media

It ûngelok barde by autogaraazje Van der Zweep oan de Wartensterdyk. Foar it ynsidint waarden in soad helptsjinsten ynset. De brânwacht en in traumateam kamen nei it plak fan it ûngelok om help te ferlienen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)