Undersyk: skriezen leare de fleanrûte nei it suden fan soartgenoaten

15 des 2020 - 15:29

Skriezen leare fan soartgenoaten de fleanrûte nei harren oerwinterplak yn Súd-Europa en Afrika. Dat hat bliken dien út it mienskiplike promoasje-ûndersyk fan Jelle Loonstra en Mo Verhoeven foar Rijksuniversiteit Groningen. Foar it ûndersyk binne skriezen út it súdwesten fan Fryslân ûndersocht.

Span skriezen yn in plasdras - Foto: Gerrit Harmen Rypma

Oant no ta waard ek wol tocht dat de 'rûtekaart' nei it suden ta yn de genen fan de fûgels bebakt wie. Mar dat blykt dus krekt wat oars te lizzen.

Twa groepen: Fryslân en Poalen

De twa ûndersikers hawwe in groep Fryske skriezen yn finzenskip út it aai komme litten en opgroeie litten. Dêrnei is de groep skriezen yn twa groepen splitst: it iene part is wer yn it súdwesten fan Fryslân los litten en it oare part is loslitten yn in gebiet yn Poalen dêr't ek skriezen briede.

Leare fan soartgenoaten

It die bliken dat de nei Poalen ferhuze fûgels deselde rûte nei it suden namen as de oare folwoeksen fûgels yn Poalen. En dat wylst de yn Fryslân bleaune skriezen de rûte holden dy't de oare Fryske skriezen ek namen. "Ze leren waarschijnlijk van hun soortgenoten maar misschien ook wel van de rest van de omgeving," seit Jelle Loonstra.

Stjoerderkes

It ûndersyk is dien mei help fan lytse stjoerderkes op de pykjes en de folwoeksen fûgels. Dêrtroch koene se folge wurde. It die ek bliken dat de skriezen trou binne oan harren plakken foar it brieden en oerwinterjen. Jier op jier kamen de skriezen op itselde plak werom.

"Met ons onderzoek maken wij de biologische puzzel rond de grutto weer een klein beetje completer," seit Verhoeven. "Als je deze en andere weidevogels beter wilt beschermen, zal je dat soort informatie rond de 'demografie' en dus ook rond het trekgedrag van de vogels moeten begrijpen."

Undersiker Jelle Loonstra oer de skriezen

(Advertinsje)
(Advertinsje)