A32-ôfrit nei sintrum fan It Hearrenfean healjier ticht nei jannewaris

15 des 2020 - 14:58

De ôfrit yn de A32 nei it sintrum fan It Hearrenfean (út de rjochting fan Wolvegea) is nei 4 jannewaris in healjier ticht. Yn dat skoft wurdt de ôfrit ferlein om romte te meitsjen foar de nije oprit yn de rjochting fan Ljouwert.

A32 by It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Ofrit 12 slút yn de nacht fan 4 op 5 jannewaris en bliuwt dus ticht oant nei de simmer fan 2021. Ferkear yn de rjochting fan it sintrum fan It Hearrenfean, bedriuweterrein IBF, De Knipe en Skoatterwâld-Noard moat dan omride.

Hoe't der aanst riden wurde moat, is goed te sjen yn dit filmke:

Yn novimber is al úteinset mei wurk oan it fiadukt by de K.R. Poststrjitte, dat fjouwer meter breder wurdt. Dêrtroch is der romte foar in nije ynfoechstripe foar ferkear yn 'e rjochting fan Ljouwert. Ferkear út it sintrum fan It Hearrenfean wei kin yn de nije situaasje fuort rjochts de sneldyk op ride.

Heerenveen Beter Bereikbaar

It wurk falt allegearre yn it projekt Heerenveen Beter Bereikbaar, fan gemeente Hearrenfean, provinsje Fryslân en Rykswettersteat. It projekt moat de oerlêst en ferkearsdrokte oanpakke. Op de webside fan Heerenveen Beter Bereikbaar is mear ynformaasje te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)