Nij skip Rederij Doeksen foar it earst nei Flylân

15 des 2020 - 13:43

Ien fan de nije fearboaten fan Rederij Doeksen hat foar it earst in oertocht nei Flylân makke. MS Willem de Vlamingh is offisjeel noch net yn de feart, mar test yn de fearhaven fan Flylân oft it skip dêr oan de wâl past. "Als alles goed gaat vaart het schip daarna door naar Terschelling," sa meldt de feartsjinst.

De nije skippen op wei nei Harns - Foto: CAMJO media

De nije fearboaten fan Doeksen wurde letter yn gebrûk nommen as pland. It oarspronlike plan wie dat de boaten yn 2018 farre koenen. De twa nije fearboaten rûnen wetterskea op doe't se fan Fjetnam nei Nederlân fearen. Ek april 2020 as nije datum foar it yn de feart nimme fan de boaten waard net helle. It hat tiid koste om de problemen op te lossen en der wie noch folle mear tiid nedich foar de ôfbou fan de katamarans.

Untwerpburo Vripack út Snits tekene foar it ûntwerp fan it ynterieur en it eksterieur. De nije skippen binne foarsjoen fan tapassingen dy't de skippen suniger en skjinner meitsje moatte.

De MS Willem de Vlamingh en MS Willem Barentz farre tusken Harns, Skylge en Flylân. De twa boaten binne 70 meter lang en 17 meter breed. Der kinne 600 passazjiers op en 64 auto's. De boaten farre op floeiber ierdgas. De topsnelheid fan de boaten is 14 knopen, oftewol 26 kilometer yn 'e oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)