Hege Ried: feroardieling seis Fryske A7-blokkearders bliuwt yn stân

15 des 2020 - 12:59

De feroardieling tsjin seis Friezen dy't op 18 novimber 2017 op de A7 demonstranten tsjin swarte pyt tsjinholden, bliuwt yn stân. Dat hat de Hege Ried tiisdei bepaald. De seis wiene feroardiele ta in wurkstraf fan 90 oeren.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De Hege Ried soe eins op 1 desimber útspraak dwaan, mar stelde dat út om't der mear tiid nedich wie om ta in oardiel te kommen.

De saneamde 'blokkearfriezen' holden yn 2017 op de A7 tusken De Jouwer en It Hearrenfean demonstranten fan aksjegroep Kick Out Zwarte Piet tsjin dy't nei Dokkum woene om dêr te protestearjen tsjin de lanlike yntocht fan Sinteklaas mei swarte piten.

Heger berop

Fyftjin Friezen waarden op 31 oktober foarich jier yn heger berop feroardiele ta in wurkstraf fan 90 oeren. Under harren Jenny Douwes, it boechbyld fan de aksje tsjin de demonstranten tsjin Swarte Pyt.

It hôf yn Ljouwert stelde dat alle fertochten har skuldich makke hiene oan it blokkearjen fan de sneldyk, it behinderjen fan in tastiene demonstraasje en it útoefenjen fan twang. By Douwes bestie de feroardieling ek út stokeljen (opruiing) en it útlokjen ta it pleegjen fan strafbere feiten.

Yn kassaasje

Nei it heger berop stapten seis fertochten nei de Hege Ried om harren feroardieling yn kassaasje oan te fjochtsjen. Dy hat him advisearje litten troch de advokaat-generaal.

De Hege Ried oardielde, krekt as it hôf, dat de oprop ta demonstraasje 'stokeljen' wie en dat troch de blokkade de ferkearsfeiligens yn gefaar brocht. Dêrneist makken de Friezen har neffens de Hege Ried skuldich oan driigjen mei geweld. De wurkstraf fan 90 oeren bliuwt foar de seis Friezen dus stean.

Mei de útspraak fan de Hege Ried binne de feroardielings foar de 'blokkearfriezen' definityf wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)