Operasjoneel tekoart SC Hearrenfean rint fierder op

15 des 2020 - 12:59

De finansjele situaasje fan SC Hearrenfean bliuwt soarchlik. Dochs kin de fuotbalklup troch de útgeande transfers fan ûnder oaren Kik Pierie en Michel Vlap swarte sifers skriuwe. Yn totaal hat SC Hearrenfean in netto winst boekt fan goed 1 miljoen euro. Mar oer it lêste boekjier is it ferlies 6,8 miljoen euro, it operasjoneel ferlies is mei 700.000 euro oprûn. Dêr moat by yn opnaam wurde dat yn dit operasjonele tekoart in reservearring fan 1 miljoen euro opnaam is foar it rinnende seizoen.

Miljoeneferlies foar SC Hearrenfean

Troch de útgeande transfers kin SC Hearrenfean in bedrach byskriuwe fan yn totaal 10,9 miljoen euro. It giet dan om de transfers fan Michel Vlap en Ben Rienstra. Plus de trochferkeappreemjes en de opliedingsfergoedings oangeande Jeremiah St. Juste, Sam Larsson en Hakim Ziyech. Al moat dêr by wol sein wurde dat noch net alles binnen is.

Ferslachjouwer Arjen de Boer set de jiersifers op in rychje

Der stiet noch in grut bedrach fan 8 miljoen euro oan foarderingen út. SC Hearrenfean hâldt der rekken mei dat troch de coronakrisis guon klups net oan harren finansjele ferplichtingen foldwaan kinne. Sa is yn it jierferslach te lêzen dat de klup in ûnbekend bedrach út Fjetnam net mear krijt (nei alle gedachten 100.000 euro, red.).

Ynkommen misrûn

De coronakrisis hat derfoar soarge dat de klup in soad ynkomsten mist. Doe't it Abe Lenstra Stadion op 10 maart op slot gie, is der ien miljoen euro minder omset draaid troch it missen fan resetten en sponsoropbringsten.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Dêr stiet foaroar dat SC Hearrenfean fan it regear in NOW-fergoeding (Tijdelijke Noodmaatregel Overbrugging voor Werkgelegenheid) krigen hat fan 1,4 miljoen euro.

Grutte delgong netto omset

SC Hearrenfean hat ferline seizoen alle wedstriden, útsein de lêste wedstriid tsjin Ajax, sûnder haadsponsor spile. Ek de klup is sakke op de ranking dy't bepalend is foar de ferdieling fan it telefyzjejild. Alles byinoar opteld hat dat soarge foar in delgong fan de netto omset. Fan 16,6 miljoen euro nei 13,8 miljoen, in fermindering fan 16,5 persint.

It operasjoneel ferlies oer de perioade 1 july 2019 oant en mei 30 juny 2020 is 6,8 miljoen euro. Dat is 700.000 euro mear as it jier derfoar.

Besunigingen

Yn novimber hat SC Hearrenfean in besunigingsronde trochfierd troch tsien wurknimmers dien te jaan. Troch dizze twongen ûntslaggen hat de klup in heal miljoen euro besparre oan de útjeftekant. Ek it spilersbudzjet, it bedrach dat beskikber is foar de salarissen fan de spilers, is mei in heal miljoen euro nei ûnderen brocht.

Boppedat is de direksje noch altyd yn petear oer de stadionhier. SC Hearrenfean betellet Sportstad Heerenveen elts jier 2,2 miljoen euro eksklusyf ûnderhâld. SC Hearrenfean wol dat bedrach mei ien miljoen euro ferleegje.

Ynvestearings

SC Hearrenfean hat net allinnich mar besunigingen trochfierd, der is ek ynvestearre. Sa binne der nije fideoskermen en in nije lûdsynstallaasje kaam. Ek is der ynvestearre yn in nij tagongskontrôlesysteem en twa trainingsfjlden op it kompleks Skoatterwâld binne ferfongen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)