Bûtenpleats De Slotpleats yn Bakkefean siket pachter foar 'griene hoareka'

15 des 2020 - 12:35

De Slotpleats yn Bakkefean is op syk nei in nije pachter. Tiisdei komme der sa'n 20 gadingmakkers del om de bûtenpleats te besjen. Neffens de koördinator behear fan De Slotpleats, Jan Willem Zwart, wurdt der socht nei immen dy't op duorsume wize de bûtenpleats eksploitearje wol. Hy neamt dat 'griene hoareka'.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Neffens Jan Willem Zwart wie Bakkefean eartiids in pleisterplak, in plak dêr't minsken in tuskenstop makken om te rêsten. "Yn it earste plak is Bakkefean eins in hichtepunt yn dizze omkriten. Hjir efter rûn in hiele moaie dyk, de Beakendyk, ik neam dy wolris de A7 fan de midsiuwen."

"Der wie in protte warberens yn Bakkefean, út Grinslân, Drinte en Fryslân wei. De Slotpleats sa't dy no bestiet, is yn 1818 boud, wit Zwart te fertellen. "It gebou is no fan Natuurmonumenten. Sy hawwe der yn 1997 in teehûs fan makke. Wy binne no op syk nei in nije ûndernimmer."

Griene hoareka

De nije pachter sil ûnder it mom fan 'griene hoareka' te wurk gean. "Dat is foar ús ek tige spannend", sa seit Zwart. "Want wat is dat no krekt? Wy geane op syk nei produkten út ús eigen regio, je besykje je enerzjy oan te passen, je sjogge kritysk nei wa't je nedich hawwe."

Sa kin der by in lunch bygelyks sinesappelsop servearre wurde, mar dat moat faak fan fier komme. In grienere opsje soe wêze om sop te meitsjen fan it fruit út de fruithôf fan de bûtenpleats, of fan de appels fan in bedriuw út de omkriten. "Dat je je bewust binne fan hokfoar produkten dat je oanbiede", sa omskriuwt Zwart it konsept.

It koetshûs - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De ûndernimmer dy't yn it teehûs wurke is der no út, lyk as de VVV dy't yn it koetshûs siet. Net allinnich De Slotpleats, mar ek it koetshûs sil dus renovearre wurde. "Dit heart der by, it iene kin net sûnder it oare." Mei al dizze feroaringen, is neffens Zwart in nij momint oanbrutsen foar De Slotpleats. "Miskien wol yn de meast frjemde tiid dy't je betinke kinne. Dochs is it hiel bysûnder watfoar reaksjes wy krigen hawwe."

Der wurdt wol in protte ferwachte fan de nije ûndernimmer. "It is in hiele unike kâns, mar it is ek wol spannend. Wy sykje net allinnich in pachter, wy sykje ek in partner", fertelt Zwart. "Dat betsjut ek dat dy gearwurkje sil mei de ferieniging Natuurmonumenten. It giet om it útdragen fan ús wearden fan in duorsume mienskip, fan natuer, fan edukaasje. Wy freegje ek nochal wat."

It azemet nostalgy.

Koördinator behear Jan Willem Zwart oer De Slotpleats

Ferslachjouwer Johanna Brinkman op De Slotpleats mei koördinator behear Jan Willem Zwart

Wannear'tst De Slotpleats ynrinst, kinst de skiednis sawat rûke. "Oarspronklik wiene dit fansels gewoan twa wenkeamers. It rûkt hjir noch altyd in bytsje nei it hurdfjoer fan eartiids," sa seit Zwart. Neffens him liet de searje oer bûtenpleatsen fan Omrop Fryslân in goed byld fan de situaasje sjen.

"Moatst dy foarstelle dat it hjir yn de simmer smûk yn 't skaad wie, se koenen de bosk yn. Dan bleau harren fel wyt, dêr komt ek de term 'blau bloed' wei, om't je op harren wite fel de ieren sitten sjen koenen." Yn de winter giene se nei de stêd ta, dan wennen se yn Ljouwert, of ek wol yn Grins. It azemet nostalgy."

Neffens it stappeplan

Ek al wurdt it gebou renovearre, it idee is wol dat it teehûs bliuwe sil. "Wy hawwe in soarte fan stappeplan. Yn dat stappeplan is tiisdei it besjen, en yn jannewaris kinne minsken harren business case ynleverje. Dan sjogge wy hokker partner it bêste passet."

Dat dat slagje sil, twivelet Zwart eins net oer. Der is dan ek in protte mooglik foar de nije pachter. "Wy geane derfan út dat wy in goeie nije partner fine. Wat wy hiel wichtich fine is de link mei natuer en it efterlân, mei de regio en de griene hoareka. As je it hawwe oer griene hoareka soene je ek noch tinke kinne oan in grientetún hjirneist, lyk as eartiids, of produkten út de bosk helje. Wy steane oeral foar iepen."

Der komme tiisdei sa'n tweintich mooglike pachters del foar in besichtiging. As alles goed giet, kin de pachter yn april of maaie oan de slach.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman op De Slotpleats

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
(Advertinsje)
(Advertinsje)