Ynienen de lêste skoaldei: "Ik wie in bytsje lilk"

It skoaljier is ynienen in stik koarter, foar basisskoallebern is tiisdei de lêste dei foar de krystfakânsje troch de lockdown. Juffen en masters dogge harren bêst om der dochs noch in moaie ôfslutende dei fan te meitsjen. "We hebben nog even het kerstverhaal verteld en een kleine kerstviering met elkaar gehouden. Dat was niet helemaal zoals we het van tevoren bedacht hadden, maar het is toch even een gezellige afsluiting," seit juf Esther van Vliet fan CBS De Slotschool yn Sint-Anne.
Ynienen de lêste skoaldei
"We hopen dat iedereen wel met een fijn gevoel naar huis gaat," seit Van Vliet. Dochs fielt it wol nuver foar har. "Ik had er niet op gerekend dat het vandaag de laatste dag zou zijn met z'n allen in de klas. We moesten wel even schakelen, maar gelukkig hadden we wat ervaring van de vorige keer en weten we een beetje wat er gebeuren moet. Maar de rest van de week nemen we wel de tijd om het thuisonderwijs op poten te zetten." Tiisdei krije de learlingen al de boeken mei nei hûs.

"Soms wolle je eefkes mei-inoar wêze"

Ek foar de bern rint it allegearre ynienen oars as oars. In famke yn de klasse seit: "Ik fyn it wol wat nuver dat it no de lêste dei foar de krystfakânsje is. Oars is dat altyd op freed, no is it ynienen op tiisdei." Sy fynt it net noflik dat sy no fiif wiken thús sitte moat. "Ik fyn it net leuk, want dan kinne je ek fiif wiken je freonen net sjen. En dat is hiel stom, want soms wolle je ek wol eefkes mei-inoar wêze. Dan ferfele je je ek wolris thús."

"Ik wie in bytsje lilk"

In jonkje yn de klasse fûn it benammen hiel stom: "Ik wie in bytsje lilk. Ik fûn it yrritant. Ik woe eins de telefyzje stikken slaan, mar sa slim wie it no ek wer net. Mar ik fûn it gewoan hiel stom."
Yn de klasse by CBS De Slotschool yn Sint-Anne © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
In oare learling jout oan dat it thús folgjen fan de les ek wol wer foardielen hat. "Ik fyn it wol in bytsje nuver, mar thúswurkje is ek wol wer ris noflik. Allinne is it spitich dat ik mei myn bruorke sit. It fielt wol hiel nuver dat tiisdei ynienen de lêste skoaldei fan it jier is."
Ferslachjouwer Wytse Vellinga yn Sint-Anne
Yn de klasse by CBS De Slotschool yn Sint-Anne © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Struktuer yn spesjaal ûnderwiis

Ek yn it spesjaal ûnderwiis is tiisdei de lêste dei. Sa ek op ZML-skoalle It Twalûk, mei 170 learlingen op lokaasjes yn Frjentsjer en Ljouwert. Direkteur Oebele Harmsma: "It is wol dreger foar ús bern as foar oare learlingen, want de struktuer is wol hielendal fuort. Dat spilet ek nei de krystfakânsje in rol. Mar it is net leuk foar de bern."
Guon aktiviteiten moasten efkes rap earder holden wurde. "Der soe freed in ôfskied wêze fan in learkrêft weze, der soe in fotograaf komme, tongersdei hie in high tea west, dat binne dingen dy't ynienen nei foarren skood binne of net trochgiene. Mar by in pear groepen binne de lessen ek gewoan trochgien, om't dy struktuer sa wichtich is foar harren. Der bart noch wol in soad, mar it is hjoed foar it lêst," seit Harmsma.
Hoe't it nei jannewaris komt, is noch ôfwachtsjen. "Wy sitte ek mei staazjes. De fraach is oft ús learlingen oeral wolkom binne dan. Der binne noch in soad ûnwisse dingen dy't wy útsykje moatte."
Ferslachjouwer Ronnie Porte praat mei Oebele Harmsma
ZML-skoalle It Twalûk © Omrop Fryslân, Ronnie Porte