Veiligheidsregio-kampanje 'DOchITgewoan': wat meie jongelju wól?

Wat meie jongelju yn dizze coronatiid noch wól dwaan? Dy fraach stiet sintraal yn in nije kampanje fan Veiligheidsregio Fryslân foar jongelju. De kampanje moat jongerlju opmoedige, ynspirearje en der ek foar soargje dat sy harren dochs oan de coronaregels hâlde.
Foar de kampanje binne fiif jongelju op posters te sjen mei in hobby of talint: in fisker, fuotbaltrainer, in bestjoerder fan in trekker, in bakster en in studinte dy't har keamer oppimpt. Dizze posters binne de kommende tiid yn de provinsje te finen. Op de webside Dochitgewoan kinne jongelju harren coronaferhalen en -foto's kwyt.

Gjin 'opgeheven vingertje'

Veiligheidsregio Fryslân wol mei DOchITgewoan in posityf boadskip jaan, en net allinne in 'opgeheven vingertje' sjen litte. De kampansje is opset yn gearwurking mei gemeenten, skoallen, jongelju en soarchorganisaasjes.