Hema bliuwt iepen foar 'essinsjeel guod' as babyguod, reekwoarst en taart

Yn Hema-winkels kinne klanten fan tiisdei ôf telâne foar babyguod, taart, woarst en kofje. Meiwurkers hawwe de hiele nacht dwaande west om de winkels klear te meitsjen. De klean, it wenguod en kadootsjes kinne allinnich online besteld wurde.
Hema bliuwt iepen
Under de oare de Hema yn Stiens en Frjentsjer befêstigje it nijs en sizze iepen te bliuwen foar essinsjeel guod. Oare Hema's yn Fryslân hawwe noch net reagearre op it nijs oft sy ek iepen binne.
"We zijn de grootste banketbakker van Nederland. Het zou gek zijn als we dicht zouden gaan", ferklearret Hema-wurdfierder Frederike van Urk de beslissing om de winkels iepen te stellen, nettsjinsteande de lockdown.

2.000 taarten

Troch de strange maatregels dy't premier Rutte moandeitejûn oankundige moatte alle winkels dy't gjin iten ferkeapje ticht, krekt as skoallen en sportskoallen. "Er stonden 2.000 bestelde taarten vanochtend klaar om afgehaald te worden."
Hema © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De beslissing om it grutste part fan de 540 winkels dochs iepen gean te litten, is naam yn gearspraak mei de brânsjferiening en 'Den Haag', seit Van Urk. De Hema's binne fannacht folslein omboud: de parten dêr't de net-essinsjele produkten stean, binne ôfset.