Part Fryske Waadkust krijt mooglik spesjale UNESCO Biosfear-status

15 des 2020 - 09:39

It gebiet fan Blije, Holwert, Ternaard oant en mei Dokkum ûndersiket oft in kandidaatstelling foar in saneamde 'UNESCO Biosfear'-status in goed idee is. Dat hat de wurkgroep Holwert oan See moandei bekend makke. By it gebiet hearre ek de tuskenlizzende terpdoarpen Hantum, De Lytse Jouwer, Ealsum, Waaksens, Brantgum, Foudgum, Boarnwert en Raard.

It gebiet dat him kandidaat stelt - Foto: Google-earth

De 'Biosfear-status' smyt gjin ekstra beheiningen, regels of tafersjoch op. Dat jildt ek foar de lânbousektor. Yn ditsoarte gebieten wurdt wurke oan in 'duorsume sosjaalekonomyske ûntwikkeling yn balâns mei de natuer.' Yn dit gefal moat it ek de besteande gearwurking dêrby helpe.

Identiteit fersterkje

It is gjin doel op himsels, mar it soe in ynstrumint wêze kinne om in dikke streek te setten ûnder de identiteit fan it gebiet by de Waadkust del. Dútske toeristen binne yn eigen lân al leafhawwers fan ditsoarte fan gebieten en dizze status soe hjir in selde útwurking hawwe kinne. Der binne op it stuit 714 biosfear-gebieten yn 129 lannen.

Sympoasium

Ien en oar is mei de oanlieding om op 5 febrewaris takom jier in online sympoasium te organisearjen mei de Nederlânske UNESCO-kommisje oer it 'Man & Biosphere Programme'. De Waadsee hat ek sa'n Biosfear-gebiet west, mar doe't dat in wrâlderfgoedgebiet waard, wie dat net mear nedich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)