Kollum: "It firus is in dief"

15 des 2020 - 08:51

De kop fan it berjocht by Nu.nl klonk sa: 'Door gevolgen Covid-19 zelf te zien, verdwijnt de coronamoeheid.' In poerneakene, suvere wierheid. Want coronawurch bin ik. Fan de pandemy sels, fan de mear of minder strange maatregels, fan it einleaze bekfjochtsjen oer it firus en de faksins. Likegoed is dy wurgens de ôfrûne dagen ferdwûn. Om't ik de gefolgen fan Covid-19 fan tichteby meimakke.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

Kunde fan my hie nammentlik oardel wike lyn syn skoanheit oan it firus ferlern. Doe't de man op syn stjerbêd lei, wie dat lykwols noch net bekend. Dy ûnkunde soarge derfoar dat it firus him dêrnei yn de famyljerûnten ferspriede koe. Mei fan gefolgen dat de persoan yn kwestje presys in wike nei syn skoanheit, ek syn eigen heit noch misse moast.

Tûzen deaden is in statistyk, ien dea is in trageedzje. In anonime massa wurdt ien minske, in man mei in gesicht en in namme dy't ik koe, sij it op ôfstân. Wy hiene inoar wolris moete op fakânsjes yn Spanje, by it boadskipjen yn de supermerk of gewoan samar op strjitte. Hy en syn frou wiene wakker ûndernimmend, fitaal ek, nettsjinsteande de stadichoan respektabele leeftyd. Noch mar in inkeld moanne lyn wie it stel 60 jier troud. Se wiene aktyf, sa't se dat beide harren hiele libben west hiene.

Hy hie foar timmerman leard, mar wie syn arbeidsume libben as skipper úteinset. Farre op België mei sân en grint. Dêrnei rekke er by de timmerman oan 't wurk, by de boer dêr't er trije hynders foar de ploege hie, en waard er sjauffeur by it Suvelfabryk. Lang om let slagge er oan 't wurk by in gemeente yn it noarden fan ús provinsje. Dêr waard it sâltstruien yn de winter ien fan syn favorite wurksumheden. De heit fan myn kunde mocht graach in baltsje stompe op it griene lekken. Sa't er ek lange jierren mei oerjefte by de Brânwacht tsjinne hie. Mar syn grutste hobby wie it motorriden. Dy leafde wie oait begûn mei in brommer, in Zündapp, om út te groeien ta in passy foar motors.

It hat wat absurds, dat in libben dat safolle omfette yn tiid en barrens, mei sa'n flugge ûnferskilligens ôfbrutsen wurde kin. Dochs is dat de realiteit. It gefolch fan Covid-19. Troch it fertriet te sjen fan ien, dy't yn in wike tiid twa minsken misse moast dy't him nei oan it hert leine. Soks set josels wer op skerp. Twingt jo opnij om alle foarsoarch yn acht te nimmen, de lockdown te fernearen. Want it firus is in dief, dy't fan it iene op it oare momint alles fuortnimme kin wat jo it kostberste is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)