Hurde lockdown ferstannich, seit epidemiologe: "Anders loopt het uit de hand"

15 des 2020 - 07:37

Minsken tinke hiel bot oan harsels en net oan oaren, is de konklúzje fan gedrachssaakkundige en epidemiologe Esther Metting. Doe't de maatregels fan de lockdown moandei útlekten, wie it tige drok yn de stêden. "Mensen denken blijkbaar dat het wel meevalt met de besmettingen. Wat dat betreft is deze harde lockdown verstandig, anders zou het na kerst ontzettend uit de hand lopen."

Foto: Omrop Fryslân

Dat we ús al sûnt maart net goed hâlde oan de maatregels, komt ek trochdat we it dreech fine om gjin sosjale kontakten te hawwen. "We zijn sociale wezens", seit Metting. "Dat blijkt ook uit dat de meeste besmettingen thuis plaatsvinden of als we op bezoek zijn bij familie of vrienden. Dat is een slecht teken voor de kerstvakantie, dus ik kan me heel goed voorstellen dat de overheid deze maatregelen neemt."

Boppedat is it dreech om yn te skatten hoefolle ynfloed oft je as yndividu ha op de fersprieding fan it firus. "Als ik als enige naar de winkel ga, beïnvloed ik dan de hele verspreiding van het virus?", is ien fan de fragen dy't minsken ha. "Bovendien denkt een deel van de mensen denkt dat corona niet ernstig is, dat het een griepje is."

Dêrom is goede ynformaasje tige wichtich, seit Metting. "Wat het virus doet, hoe het overspringt en hoe besmettelijk het is."

Net elkenien hat in kompjûter

We moatte ús ek goed betinke dat in soad kontakten no mei de kompjûter en ynternet geane. "Maar er is nog steeds best een grote groep die geen of weinig gebruik maakt van de computer. Elf procent van de 16- tot 65-jarigen gebruikt geen computer, dat is best een grote groep. En als dat de enige manier is om contact te zoeken met de buitenwereld, is het best lastig."

Stip op hoarizon

It fertrouwen yn de oerheid en it draachflak foar it belied is noch hieltyd grut. "Dus ik verwacht ook dat mensen de maatregelen nu naleven." Ien ding dat minsken wol misse, is in stip op de hoarizon. "Als je weet dat het in juni afgelopen is, dan is het even doorbijten en dan houd je het wel vol. Maar misschien duurt het nog wel een jaar. Dat is een heel belangrijk punt en daarin kan de overheid wel wat meer inzicht in geven: wanneer gaat alles open, hoe zit het met de vaccinaties, wanneer komen die beschikbaar en hoe gaan we dat organiseren?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)