Coronanijs fan 15 desimber: Takom wike mear dúdlikheid oer faksinaasjes

15 des 2020 - 23:01
  • Der binne tiisdei 115 nije coronabesmettingen meld yn Fryslân, it tal melde besmettingen is leger troch technyske problemen by de GGD'en;
  • It Europeesk Genêsmiddeleburo beslút 21 desimber oer it talitten fan it coronafaksin Pfizer op de Europeeske merk;
  • Reproduksjegetal omheech fan 1 nei 1,24;
  • We geane de strangste lockdown yn oant no ta, sei premier Rutte yn syn taspraak;
  • Skoallen moatte ticht oant en mei 19 jannewaris;
  • Folgje it lêste nijs yn ús coronadossier.
23:00
Noflike jûn

Dit wie it liveblog fan tiisdei 15 desimber. Moarn ha we wer in liveblog. Tank foar it folgjen!

21:48
Beslút oer basisskoallen nei jierwiksel

It kabinet sil begjin jannewaris dochs sjen oft de basisskoallen earder wer iepen kinne as 18 jannewaris. Dat docht it op oantrúnjen fan de Twadde Keamer. In soad partijen ha der problemen mei dat it basisûnderwiis sa lang ticht is. Dat hat grutte gefolgen foar kwetsbere learlingen, dy kinne net goed oerwei mei ûnderwiis op ôfstân.

Premier Rutte is weromhâldend. Om basisskoallen op 11 jannewaris wer iepen te dwaan, moat it beslút op 3 jannewaris falle. "En dan weet je nog maar heel weinig", sei er. Uteinlik sei er ta dat it kabinet der dochs nei sjen sil mei de jierwiksel. "Ik zeg geen keihard nee, maar ik wil ook geen valse verwachtingen wekken. Word niet boos als het uiteindelijk niet blijkt te kunnen."

21:29
Drokte op guon plakken

Wylst it by de measte winkels yn Surhústerfean tsjuster is, hat slachterij Albert & Aukje it tige drok. Albert de Haan: "It jout sa'n dûbeld gefoel. Sels ha je it hartstikke drok, mar ast sjochst nei de kollega-ûndernimmers: dat is ferskriklik. Dat je slute moatte yn dizze tiid fan it jier. Dat is tryst. It wie moandei in nuvere dei, earst kaam it nijs en dêrnei wie it in gekkeboel yn it sintrum. Minsken moasten allegearre noch wat hawwe. En in dei letter is it rêstich."

19:55
Takom wike mear ynfo oer faksinearjen

Der komt begjin takom wike mear ynformaasje oer hoe't it komt mei it faksinearjen yn Nederlân. Dan jout minister De Jonge mear dúdlikheid oer de planning. Dat hat er niiskrekt sein yn de Twadde Keamer.

19:41
Ekstra fergoeding foar winkellju

Winkels dy't ticht moatte krije in spesjale fergoeding boppe-op de al besteande stipemaatregels. Dat hat premier Rutte tiisdei ferteld yn it debat mei de Twadde Keamer. De winkels moatte de doarren ticht hâlde, mar ha "Deze winkeliers hebben "spullen ingekocht en die kunnen ze niet meer verkopen, ook omdat het vaak mode- en seizoensgebonden is", seit Rutte. Dêrtroch rint de wearde fan de foarried ek hurd werom.

18:52
It wie samar de lêste skoaldei foar in hiel soad bern

Ynienen de lêste skoaldei

18:19
Drokte yn de natuer ferwachte

Natuerbehearorganisaasjes ferwachtsje dat mei de lockdown wer mear minsken de natuer opsykje. Wa't dat fan doel is, wurdt frege om rekken te hâlden mei elkoar en benammen mei de natuer sels. LandschappenNL, Natuurmonumenten en Staatsbosbeheer freegje besikers om safolle mooglik yn de eigen omkriten nei in natuergebiet te gean. En kom te gean of op de fyts, sizze se. En it leafst net tusken 11.00 en 15.00 oere yn de wykeinen en op feestdagen.

18:05
Ggz is benaud foar mear jongerein mei mentale problemen

Mear bern en jongerein komme troch de nije lockdown mentaal yn de problemen, warskôget de Nederlânske ggz. "De sluiting van scholen voor de komende vijf weken is reden voor grote ongerustheid", seit de brânsjorganisaasje foar de geastlike sûnenssoarch.

Neffens de ggz liet de earste lockdown al sjen dat benammen kwetsbere bern en jongerein hurd rekke wurde as se gjin gewoane sosjale kontakten ha. "Angst, depressieve gevoelens en suïcidaliteit namen in die periode toe, kwetsbare kinderen raakten buiten beeld. We roepen het kabinet dringend op om in de komende weken maatregelen te treffen om er voor te zorgen dat scholen uiterlijk op 20 januari aanstaande weer veilig open kunnen, maar vooral ook open kunnen blijven."

17:56
Coronafaksin Pfizer yn oantocht: "Mar noch wol wat heakken en eagen"

As it Europeesk Genêsmiddeleburo it earste coronafaksin moandei goedkart en de Europeeske Kommmisje foar de krystdagen grien ljocht jout, kin it coronafaksin Pfizer al rap op de Europeeske merk talitten wurde. Dat betsjut net dat der fierder gjin heakken en eagen binne, seit Anne-Marie van Elsacker, arts-mikrobiolooch by it medysk laboratoarium Izore yn Ljouwert. Mar sy hopet wol dat der aanst in nije faze oanbrekt yn dizze coronatiid.

"In potentie zouden we iets eerder kunnen beginnen met vaccinatie," seit Van Elsacker. "Maar ik weet niet in hoeverre de organisaties ook echt die versnelling kunnen geven, dus het is lastig om de effecten in te schatten. Bovendien moet het vaccin bij -70 graden bewaard worden, dus ook logistiek heeft het de nodige haken en ogen. Ik weet niet hoever men is met de voorbereiding."

Dêrom is sy noch foarsichtich, de goedkarring foar Pfizer moat der earst wêze. "En hopelijk komen er ook andere vaccins, want alleen dit is onvoldoende. Maar er begint wel een andere fase. Ik hoop in de komende maanden een kentering te zien, een effect van ons handelen. Eindelijk wat zicht op dat het een keer stopt."

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
17:20
De drokte yn de sikehûzen moat noch komme

It tal coronapasjiten dat opnaam is yn de sikehûzen sil ek de kommende wiken groeien bliuwe. Ek wannear't de nije maatregelen direkt wurkje en it tal besmettingen daliks lytser wurdt. Dêrtroch sille sikehûzen it yn begjin jannewaris wierskynlik drokker hawwe as mei de ôfrûne pyk, ein oktober en begjin novimber. Dêrfoar warskôget Ernst Kuipers, de foarsitter fan it Landelijk Netwerk Acute Zorg.

Sikehûzen behannelje op it stuit sa'n 2.000 minsken foar it coronafirus. Begjin novimber wiene dat der sa'n 2.600. Kuipers: "De predictie is dat we eind december uitkomen op het niveau van de piek van de afgelopen golf. In de eerste dagen van januari zal het aantal patiënten licht verder stijgen en kan de drukte uitkomen boven de piek van eind oktober en begin november. De bezetting kan tot 10 januari stijgen."

Resultaten fan de lockdown litte op harren wachtsje

Dat it tal opnommen pasjinten earst groeien bliuwt, komt trochdat de maatregelen pas fan no ôf oan wurkje kinne. Minsken dy't ein foarige wike besmet rekke binne, foar de nije lockdown, krije pas yn de twadde helte fan dizze wike de earste klachten en litte harren teste. Yn de rin fan kommende wike kinne de klachten sa heftich wurde dat se yn it sikehûs terjochte komme. Pas oer mei in wike soe de nije lockdown minder positive testen ta gefolch hawwe.

De opnommen coronapasjinten lizze yn trochsneed sa'n twa wiken yn it sikehûs. Eltse groei yn it tal opnamen hat dus gefolgen foar de wiken dêrnei. Ek wannear't it tal opnommen pasjinten minder wurdt, kin it noch moannen duorje foar't de drokte yn de sikehûzen werom is op it normale nivo, sa seit Kuipers.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)