Soad stipe foar boargerinisjatyf Minority SafePack yn Europeesk Parlemint

14 des 2020 - 23:07

Boargerinisjatyf Minority SafePack kin op in soad stipe rekkenje yn it Europeesk Parlemint. "In goeie omgong mei minderheden soe by de kearnwearden fan de Europeeske Uny hearre moatte", sei Europarlemintariër Pascal Arimont fan de kristendemokraten. As Dútsktalige Belch hat hy benammen lêst fan it fenomeen 'geoblocking', wêrtroch hy op ynternet net mear frij nei Dútske tv-programma's sjen kin. Hy fynt dat Europa wat tsjin dy nije digitale grinzen dwaan moat. Tagong ta de media en it hawwen fan eigen media is ûnderdiel fan Minority SafePack.

Malik Azmani yn it Europeesk Parlemint - Foto: Foto Europeesk Parlemint

Foar de liberale fraksje liet Malik Azmani (VVD) witte dat er efter it MSPI stiet. Azmani fertelde der by dat hy op It Hearrenfean opgroeide yn it Nederlânsk en it Frysk. Wat him oanbelanget bliuwt dat sa en befoarderet Europa de posysje fan minderheidstalen. "It praten fan mear talen, it hawwen fan mear as ien identiteit, dat heart by Europa. Tige tank!" Azmani is mei dy twa wurden nei Jan Huitema de twadde liberaal dy't it Frysk klinke liet yn de plenêre gearkomsteseal fan it Europeesk Parlemint.

Boargerinisjatyf

Minority SafePack is as boargerinisjatyf ûntwikkele troch minderhedenorganisaasje FUEN, krekt omdat de Europeeske Uny de lêste jierren gjin belied mear hat op it mêd fan minderheidstalen. Omdat mear as 1,1 miljoen EU-boargers út boargerinisjatyf ûndertekenen moat de EU no op 'e nij oan de slach mei minderhedebelied. Ferskate Europarlemintariërs fregen moandei oan de Europeeske kommisje om mei wet- en regeljouwing te kommen om minderheden op Europeesk nivo te beskermjen en te stypjen. "Troch goed mei minderheden om te gean, kinne je krekt spanningen en politike problemen foarkomme", sei de Eastenriker Hannes Heide út namme fan de sosjaaldemokratyske fraksje.

Mar it tema minderheden leit gefoelich, want dat soe, neffens in ynterpretaasje fan de Europeeske ferdraggen, ta de kompetinsje fan de lidsteaten hearre en net ta dy fan Europa. Ferskate Europarlemintariërs wiisden dêr ek op by de diskusje oer it Minority SafePack. It meast ôfwizend wie Europarlemintariër Gunnar Beck fan de ekstreem-rjochtse AfD út Dútslân. Hy warskôge foar it risiko dat mearderheden 'ferdrinke yn in mar fan minderheden'. De Letske Dace Melbarde fan de konservative fraksje frege omtinken foar de posysje fan de lytse steatstalen yn Europa, lykas it Letsk. Sy liet dúdlik trochskimerje dat se gjin ferlet hat fan mear beskerming foar de Russyske minderheid yn har lân.

Europeeske identiteit

Eurokommissaris Johannes Hahn sleat it debat ôf mei de opmerking dat neffens him 'minderheden ûnderdiel binne fan de Europeeske identiteit'. Syn kollega's Vera Jourova en Mariya Gabriel wurkje oan in foarstel foar Europeesk minderhedebelied as reaksje op Minority SafePack. It Europeeske Parlemint stimt tongersdei oer it Minority SafePack inisjatyf. In dúdlike mearderheid wurdt sjoen as in sinjaal oan de kommisje en lidsteaten dat der konkrete maatregels ferwachte wurde.

Njonken it Europeesk Parlemint siket it Minority SafePack ek stipe yn nasjonale en regionale parleminten yn hiel Europa. Op foarstel fan Twadde Keamerlid Harry van der Molen stimt tiisdei de Twadde Keamer oer it Minority SafePack. Minister fan Ynlânske Saken Kajsa Ollongren fûn syn moasje ferline wike noch 'yngewikkeld', mar hat yntusken witte litten dat se it oardiel graach oer lit oan de Twadde Keamer.

'Moasje frjemd'

No woansdei sille Provinsjale Steaten oer it Minority SafePack stimme as 'moasje frjemd'. "It beskermjen fan taal en kultuer moatte we net allinnich yn Fryslân en Nederlân goed regelje, mar ek yn de Europeeske Uny." CDA-Steatelid Attje Meekma wiist der op dat Europeeske wet- en regeljouwing in grutte ynfloed hat op wat der yn de lidsteaten bart.

Neffens FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol is Minority SafePack fan ûnderop ûntstien yn de regio's mei minderheden. "Mei mear as in miljoen hantekens is in dúdlik lûd ôfjûn. As Frysk parlemint kinne we dat fersterkje." CDA en FNP rekkenje op de stipe fan tsien fan de tolve fraksjes yn de Steaten. Allinnich fan de PVV en de Steateleden fan it eardere FvD is noch net dúdlik oft sy Minority SafePack ek stypje sille.

(Advertinsje)
(Advertinsje)