Hanthavening Ljouwert fynt wenplak yn tunnel tusken de boskjes

14 des 2020 - 22:05

De hanthavening yn Ljouwert hat yn in tunnel tusken de boskjes yn it Kealledykje-gebiet in plak fûn dêr't minsken yn wennen. Neffens de hanthavening giet it om in yllegaal ferbliuwplak.

Foto: Hanthavening Ljouwert

De tunnel leit oan de Wielerbaan en stie fol mei guod en mei ôffal. De lokaasje wie bot fersmoarge, meldt de hanthavening. De wenomstannichheden wiene soarchlik fanwege de fersmoarging en de kjeld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)