Fûgelgryp fêststeld yn Bûtenpost, 28.000 hinnen wurde romme

14 des 2020 - 23:09

Yn Bûtenpost is by in hinnefokkerij fûgelgryp fêststeld. De 28.000 hinnen fan it bedriuw wurde romme. Foar 22 bedriuwen dy't binnen tsien kilometer fan it bedriuw yn Bûtenpost lizze, jildt in ferfiersferbod.

Fûgelgryp fêststeld yn Bûtenpost

It ferfiersferbod jildt foar plomfee, aaien, plomfeedong, mar ek op oare bisten en bisten dy't komme fan bedriuwen mei fûgels. Fierder jilde ek noch lanlike maatregels, lykas in ophokplicht foar kommersjeel holden plomfee.

Al faker

Ferline wike waard ek by in bedriuw yn Sint-Anne fûgelgryp fêststeld. Dêr waarden 21.000 piken romme. En earder al waarden 90.000 piken romme by in bedriuw yn Wytmarsum, ek fanwege de fûgelgryp. En flak oer de provinsjegrins mei Grinslân, yn Lutjegast, binne 48.000 hinnen ôfmakke.

Hinnen - Foto: Shutterstock.com

Piet Faber fan lânbou-organisaasje LTO Noard tinkt dat it it hiele grypseizoen noch spannend bliuwt foar de plomfeehâlders, salang't der noch in soad deade fûgels yn de natuer binne. "It wurdt in lange winter. En de omstannichheden binne noch net sa dat it oars wurdt."

Trefwurden: 
Bûtenpost Fûgelgryp hinnen
(Advertinsje)
(Advertinsje)