Rjochtbank feroardielet masinefabryk Douna ta hege jildboete foar deadlik bedriuwsûngelok

De rjochtbank yn Zwolle hat it masinefabryk Douna út Ljouwert feroardiele ta it beteljen fan in boete fan 30.000 euro, om't it bedriuw yn striid mei de 'Arbeidsomstandighedenwet' hannele hat. As gefolch kamen yn maaie 2018 twa meiwurkers fan Mokveld Valves út Gouda om it libben yn de produksjehal fan it Ljouwerter bedriuw. It bedriuw út Gouda moat in boete fan 60.000 euro betelje.
© GinoPress
By in test dy't útfierd waard mei in iepen silindermantel rekke in sûgerstang fan de oandriuwing los en waard ûnder in druk fan 11 bar út de silinder sketten. It stik metaal rekke de twa manlju dy't as gefolch dêrfan ferstoaren.
De twa bedriuwen hawwe neffens de rjochter neilitten om de soarchplicht nei te libjen. Hjirmei hawwe se bewust it risiko naam dat de meiwurkers de test op in troch harrensels keazen metoade útfiere soene. Dy metoade wie dus net feilich. De wurkjouwers hiene witte moatten dat in ûnfeilige metoade liede kin ta libbensgefaar of slimme skea oan de sûnens. De rjochtbank komt dan ek ta de konklúzje dat de bedriuwen mei opset hannele hawwe.
Nei it ûngemak binne troch de bedriuwen oanfoljende en adekwate feiligens maatregels naam. De rjochtbank realisearret har dat troch it hannelen fan de wurkjouwers de neibesteanden net goed te meitsjen leed oandien is.
De boeten fan 30.000 en 60.000 euro binne leger as it Iepenbier Ministearje earder easke hie. It IM woe in boete fan 50.000 euro foar it Ljouwerter bedriuw en in boete fan 80.000 euro foar it bedriuw út Gouda.