Longdokter MCL iens mei maatregels, boargemasters noch te set oer karbid

De wurden fan premier Rutte binne hiel dúdlik, seit boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren. "It skept helderheid, dat is in goede saak. Hy besiket ek perspektyf te jaan. Oer in oantal wiken ha we, hoopje ik, in hiel oare situaasje."
Van Geffen en Veenstra
Ek foar de soarch hie Rutte waarme wurden. Wouter van Geffen, longdokter yn it Ljouwerter sikehûs MCL, is der wiis mei. "Want het is echt doorpezen geweest de laatste tijd. Ik schrik van zulke zware maatregelen, maar ik denk ook dat het nodig is."
Yn it sikehûs fernimt Van Geffen hoe nedich de maatregels binne. "Afgelopen week in het ziekenhuis had ik wat mensen die zich heel streng hadden afgesloten. Toen was één familielid twee keer naar het werk geweest en een keer naar de supermarkt. Die had toen corona opgelopen en was heel ziek geworden. Dus op je werk loop je een heel groot risico."
Als er een iemand extra op een ic-bed komt, dan kunnen er soms tien of vijftien operaties niet doorgaan.
Longdokter Wouter van Geffen
De sikehûzen ha it dreech. It Regionaal Overleg Acute Zorg wol fan de sikehûzen witte hoefolle romte oft se noch ha. Van Geffen fynt dat dreech om oan te jaan. "Maar als er een iemand extra op een intensive care-bed komt die er niet voor bestemd was, dan kunnen er tien of vijftien operaties niet doorgaan. En dat zijn serieuze zaken: hartoperaties, kankeroperaties. Alleen met teamwork zorgen we ervoor dat alles door kan gaan."

Hooplik rêst

Rutte hat in soad sein, mar net in soad oer de iepenbiere oarder. Dat leit sûnt 1 desimber by de gemeenten. Boargemaster Veenstra is ek foarsitter fan de Vereniging Friese Gemeenten: "It feit dat dizze regels helder binne, jout hoopje ik rêst. Dat soe it hanthavenjen fan de iepenbiere oarder makliker meitsje."
Veenstra skrok wol fan de drokte dy't er moandei yn de provinsje seach doe't de maatregels útlekt wiene. "Doe't ik om seis oere it provinsjehûs út stapte, wie it hartstikke drok. Ek op De Jouwer en yn Balk. We moatte oer in oantal dagen mar sjen wat it effekt is."

Unwissichheid oer karbid

Ien fraach stiet noch iepen: hoe komt it mei it karbidsjitten yn de provinsje? "We sille kontrolearje op âldjiersdei. Mar mei dizze nije regels, moatte we ek even goed sjen nei de fergunningen dy't we jûn ha. Is dat noch aktueel? Of moatte we it oanskerpje?" Dêroer komt ynkoarten oerlis.