FIDEO: Sjogge we de âlde Sjinkie ea wer?

14 des 2020 - 20:31

Stap foar stap komt Sjinkie Knegt tichterby syn grutte doel: wer de âlde wurde. Twa jier lyn rekke er beknypt tusken syn heftruck en in kezyn en in moanne dêrnei kaam er mei swiere brânwûnen yn it sikehûs te lizzen. De shorttracker liet de ôfrûne twa wiken op de International Invitation Cup en it NK ôfstannen sjen dat er it noch altyd net ferleard is.

Sjinkie wer yn aksje

Knegt makket yndruk op bûnscoach Jeroen Otter, dy't benammen genietsje kin fan de 500 meter fan de Bantegeaster. "Dat was de grandioze oude Sjinkie. In 2017 deed hij dat in Ahoy met de beste sprinters van de wereld, ze even stil zetten." Wêr't de ien ûnder de yndruk is, is dat foar syn ploechgenoaten wol wat oars. Suzanne Schulting is 'echt heel trots' as se Sjinkie riden sjocht, mar net fernuvere. "Ik zie in de trainingen de afgelopen tijd dat het steeds een stukje beter gaat en de snelheid er meer in komt. In die zin ben ik niet verrast. Ik vind het heel mooi om te zien."

Freon en ploechgenoat Daan Breeuwsma is ek net ûnder de yndruk fan Sjinkie syn prestaasjes op it NK. "Ik sjoch him elke dei, dus ik wit hoe goed hy ride kin. It is net sa dat ik ekstreem ûnder de yndruk bin. Ik wit dat hy dit kin."

Dat hiele ferhaal mei Sjinkie hat grutte ympakt hân op de ploech.

Ploechgenoat en freon Daan Breeuwsma

De Nederlânske shorttrackers hawwe it de lêste jierren foar de kiezzen hân. Earst alle problemen mei Sjinkie en dan kaam der dit jier noch it ferstjerren fan ploechgenoate Lara van Ruijven by. In heftige tiid, fertelt Breeuwsma. "Dat hiele ferhaal mei him hat grutte ympakt hân op de ploech en seker ek op my. It hat him wol opsteapele de lêste twa jier."

Breeuwsma hopet dat alles ferwurke wurde kin op it iis. "It soe moai wêze as we aansten sjen litte kinne dat we der wer binne troch in topprestaasje te leverjen. Hy stiet der goed foar en hooplik, as it troch giet, geane we op it EK foar it earst wer sjen wêr't we echt steane."

Foto: Orange Pictures

Hoe sjocht de haadpersoan der sels nei? Neffens Sjinkie hawwe we 'de âlde Sjinkie' op it NK sa út en troch sjoen. "Op de 500 meter seker. De 1000 meter wie ek stabyl. Mar ik tink dat it seker better kin en moat. Ik hoopje de oankommende wiken noch te wurkjen oan it duurfermogen. Dan hoopje ik wer in slachje better te wêzen."

Fysyk moat ik noch wol in stapke meitsje fan sa'n 20 persint.

Sjinkie is op de goeie wei

Wêr't de Schicht fan Bantegea foarhinne nea safolle joech om Invitation Cups en NK's, hat er de lêste twa wykeinen wol syn bêst dien. "Dan kinne je dochs wol sjen dat ik it noch altyd wol kin." Op wat foar mêd moatte der noch stappen set wurde dan? "Taktysk sjoen en mei de snelheid sit it echt wol goed, mar fysyk moat ik noch wol in stapke meitsje fan sa'n 20 persint."

Slagget dat foar it EK? Bûnscoach Jeroen Otter tinkt dat Sjinkie dy tiid wol echt nedich hat. Sels hat er it al yn de holle: "As we foar it EK 15 persint pakke, dogge we de lêste 5 yn de wiken dernei en dan binne we der op it WK wer hielendal. Sille we it sa dwaan?"

Foto: Orange Pictures
(Advertinsje)
(Advertinsje)