Dit binne de maatregels dy't jilde oant en mei 19 jannewaris

14 des 2020 - 23:08

Om it tal coronabesmettingen te beheinen en de soarch net noch botter te belêsten, nimt it kabinet tal fan yngrevene maatregels. Fan tiisdei 15 desimber oant en mei tiisdei 19 jannewaris jildt de strangste lockdown oant no ta.

De Nijstêd yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Sa moatte tal fan iepenbiere lokaasjes en net-essinsjele winkels ticht. Ek in soad kontaktberoppen meie foarearst net trochgean. En skoallen op alle nivo's moatte oerskeakelje nei online ûnderwiis.

Fierder jildt it advys om de kommende fiif wiken net mear as twa minsken deis thús te ûntfangen. Allinnich op 24, 25 en 26 desimber jildt in útsûndering, dan meie it trije minsken wêze.

Dit binne de nije maatregels

  • Allinnich nei bûten mei dyn eigen húshâlding of mei in groepke fan op syn meast 2 minsken;
  • Untfang thús maksimaal 2 persoanen fan âlder as 13 jier
  • Tal fan lokaasjes slute de doarren:
    • Winkels (útsein foar 'essinsjele' saken, lykas libbensmiddels);
    • Lokaasjes fan kontaktberoppen lykas kappers, neilstudio's, seksynrjochtingen;
    • Teäters, konsertsealen, bioskopen, kasino's;
    • Bisteparken, pretparken;
    • Binnensportlokaasjes, lykas sportskoallen, swimbaden, sauna's en wellness;
    • Restaurants en kafees;
  • Hotels binne iepen, mar restaurants en roomservice yn hotels net;
  • Driuwend advys om thús te wurkjen;
  • Folwoeksenen moatte allinnich of mei syn twaen sporte, en allinnich bûten. Bern oant en mei 17 jier meie sporte yn teamferbân en meie ûnderling wedstriden spylje, mar ek allinnich bûten;
  • It iepenbier ferfier is allinnich foar needsaaklike reizen;
  • Oant mids maart net reizgje nei it bûtenlân boeke of nei it bûtenlân gean;
  • Allinnich kontaktberoppen yn de medyske sektor meie trochgean;

Dit mei noch wol

  • Op 24, 25 en 26 desimber meie je thús trije minsken fan 13 jier of âlder ûntfange;
  • De soarch mat safolle mooglik tagonklik bliuwe;
  • Winkels dy't libbensmiddels ferkeapje, drogisterijen, apoteken, eachdokters, eardokters, winkels foar reparaasje en ûnderhâld meie iepenbliuwe. Doch-it-selssaken meie in ôfhelfunksje ynrjochtsje;
  • Servicepunten foar it ûntfangen en ferstjoeren fan pakketten meie iepen bliuwe;
  • Lokaasjes foar saaklike tsjinstferliening (banken, hypoteken, makelers) bliuwe iepen. It loket fan de gemeente, de rjochtbank en oare oerheidslokaasjes bliuwe ek iepen;
  • Boeken ôfhelje by biblioteken mei noch;
  • Buerthuzen bliuwe iepen foar tsjinstferliening oan kwetsbere minsken;
  • Topsporters yn topsportkompetysjes meie traine en wedstriden spylje.
Trefwurden: 
coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)