Mitchel Paulissen: "Zonder Sandor hadden we vorig jaar een groot probleem"

14 des 2020 - 18:22

Wer net geweldich spylje, mar wol wer winne. It is it ferhaal mominteel fan SC Cambuur. De Ljouwerters stean fier oan kop. We prate mei Mitchel Paulissen oer wêrom't it no sa goed giet, oer syn konkurrint Robin Maulun en oer assistint-trainer Sandor van der Heide. En we sjogge werom op it duel tusken Vitesse en SC Hearrenfean.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

Cambuur stiet nei 16 wedstriden oan kop yn de earste difyzje. Dochs is it spul de lêste tiid in bytsje minder. Sa ek sneon tsjin Jong AZ. Cambuur wûn mei 2-0, mar in lykspul hie neffens trainer Henk de Jong terjochte west. Ek Paulissen is kritysk. "We hebben de beelden bekeken en de conclusie was dat er weinig ruimte lag. Als je de beelden terugkijkt, zie je dat de ruimte er wel lag. De keuzes die we maakten moest beter."

Ferslachjouwer Andor Faber jout oan dat se de lêste wiken genôch kânsen kreëarje. "Allinnich tsjin PSV wie dat efkes minder, mar dêr leit it 'm net oan." Nettsjinsteande it wat mindere fuotbal de lêste tiid, wint Cambuur wol hast alles en is it gat mei de nûmer trije no acht punten.

"Beste ploeg waar ik in heb gespeeld"

Paulissen kaam ferline jier oer fan Roda JC en is nochal posityf oer dit alvetal. "Ik denk dat dit de beste ploeg is waar ik in gespeeld heb. Het is ook een hechte ploeg. We doen naast het voetbal ook veel met elkaar." Mei dizze ploech moat Cambuur eins promoasje ôftwinge, fynt Paulissen. "Ik denk dat Volendam misschien nog wel onze grootste concurrent is. Al staat Almere City natuurlijk als enige ploeg dichtbij ons."

Paulissen spile earder foar VVV Venlo, mar is hikke en tein yn Kerkrade en spile it grutste part fan syn karriêre foar Roda JC. Arjen de Boer: "Wij denken bij Roda JC toch ook vooral aan die promotie- en degradatiewedstrijden tegen Cambuur. Was jij daar bij?" Paulissen: "Ik zat als jongetje gewoon in het uitvakje hoor. Daarna werd onze bus bekogeld. Zaten we met een paar jongens een beetje te stieren. Volledig in paniek in die bus." Andor Faber: "Voor die club speel je nu." Paulissen: "Ja mooi, hahaha. Het moet wel een beetje leven, toch."

Lof foar Sandor van der Heide

Yn it stadion hong in moai spandoek foar assistint-trainer Sandor van der Heide. Hy sit op it stuit thús troch in burn-out. Andor Faber seach dat it Cambuur-trainer Henk de Jong in soad die: "Hy waard nei de wedstriid ynterviewd troch Omroep LEO FM en dy gongen der efkes op troch. Seachst dat er folskeat. Hy skrok der sels ek wol wat fan."

Paulissen priizget de rol fan Sandor. "Ik denk dat we geluk hebben, nu met het wegvallen van Sandor, dat we vorig jaar wel met Sandor hebben kunnen werken. Sandor is heel belangrijk. Als we vorig jaar niet hadden gehad met Sandor, dan hadden we echt een groter probleem gehad. Zijn kijk op het spelletje is heel sterk. Hij kan het heel goed uitleggen. Ik heb nog nooit, met dank aan Sandor, zo simpel naar het spelletje gekeken."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)