Basisskoallen ticht: "Better koarte en stevige maatregels as lang en healbakken"

14 des 2020 - 18:05

It is koart dei foar de skoallen om foar de krystfakânsje noch online ûnderwiis op te setten. Yn alle gefallen by skoalkoepel Proloog, seit direkteur Albert Helder. By Proloog hearre 23 basisskoallen yn de omjouwing fan Ljouwert. "Online ûnderwiis dizze wike is gjin opsje. We brûke de kommende dagen om te sjen hoe't we it nei 4 jannewaris dogge."

basisskoallen ticht

"De impact en de snelheid fan it nijs is stevich", seit Helder. "Woansdei de skoallen ticht is hiel koart dei, om allegear plannen te betinken." Mar de skoalle moat ek rêstich bliuwe seit er. "We ha de ôfrûne moannen al ferskate stappen set. We geane no werom nei maart."

Better koart en stevich as lang en healbakken

De draaiboeken lizze der dus, mar der is noch wol even tiid nedich om te sjen hoe't it allegear komt nei de krystfakânsje. Foar de bern is de impact it grutst. "Sy ha der baat by om elkoar te moetsjen. Skoallen binne 'leef- en leergemeenschappen'." Wat Helder oanbelanget is in koarte en stevige lockdown better as lang en 'healbakken'.

Net allinnich foar de bern is it dreech, ek foar de leararen. "Sy ha al in stevige ynspanning dien om it fysyk ûnderwiis op oarder te hâlden. We ha hjir ek te krijen mei 'ferfangingsproblematyk'. We ha hâlden en kearen mei de besetting. Sa no en dan hat ek in klasse al online ûnderwiis hân."

(Advertinsje)
(Advertinsje)