Drokte yn winkelstrjitten: rigen foar de doar, mar ek tûzenen euro's ferlies

14 des 2020 - 18:01

Rûnom yn Fryslân is it drok yn de winkels. Minsken besykje krekt foar de lockdown noch gau efkes ynkeapen te dwaan. Foar guon winkels steane de minsken op oardel meter ôfstân yn in rige. Sa ek op de Skrâns yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân

It is moandeitemiddei drok op de Skrâns, it is fileriden. De minsken wolle noch gau eefkes ynkeapen dwaan. Bygelyks by ien fan de supermerken, mar ek de Action en de kleanwinkels hawwe rigen minsken foar de doar.

Shoeby is ien fan dy kleansaken dêr't it moandeitemiddei drok is. Eigeneresse Margriet Terpstra is spesjaal foar dizze dei út har wenplak Zaanstad nei Ljouwert riden, om de drokte yn goeie banen te lieden. "Dit is in hiel aparte dei, gewoanwei bin ik moandeis frij."

Foto: Omrop Fryslân

De dei fielt in bytsje ûnwerklik: "It is krekt âldjiersdei, mar it is bizar dat ik jûn om acht oere de doar tichtdoch, en dat ik him 19 jannewaris pas wer iepen doch."

Tûzenen euro's skea

It leafst soe se de doarren oant tolve oere fannejûn iepen hâlde, mar dat kin net. De regeljouwing is earder al oanpast foar non-food winkels, wat betsjut dat se al net iens mear oant njoggen oere, mar yn stee dêrfan oant acht oere iepen wêze meie.

"Ik snap it wol in bytsje, mar it is wol pynlik foar ús. Wy hiene graach ús foarried mei krystklean ferkeapje wollen." Se hat sels foar sa'n 55.000 euro oan ynkeap hingjen. Klean dy't yn jannewaris in stik dreger te ferkeapjen binne, om't it eins feestlike krystklean binne. "Dit wurdt echt wol in deastek foar in soad ûndernimmers, mar ik hoopje net foar my."

Steapels taarten

Eefkes fierderop yn de strjitte sit de banketbakkerij fan Marjan Wezeman. Ek by harren is it moandei drok: "Dit is ekstreem, dit is net normaal." It begûn allegearre om in oere as tolve te rinnen, minsken bellen fuortendaliks nei de winkels ta oft se noch delkomme koene.

Argyffoto - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Fraach is wol oft de bakkerij fan Wezeman falt ûnder 'essinsjeel' as net. "Ik haw krekt op de mail heard dat wy in libbensmiddelewinkel binne yn de breedste sin, dus wy hawwe hoop dat wy iepenbliuwe meie." Mocht it dochs oars útpakke dan hawwe se plannen om in ôfhelloket op te setten.

De klanten nimme it wisse foar it ûnwisse, en winkelje moandei manmachtich by de bakkerij, benammen de taarten út de friezer binne populêr: "dy nimme se no yn steapels mei!"

Wezeman tinkt lykwols net dat de maatregels fuort resultaat opsmite sille: "It is oan de minsken, hoe't se har gedrage. De ien wol syn bêst dwaan, en de oare hat de lak oan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)