Utspraak dopingsaak ultrarinster Hinke Schokker pas yn febrewaris

14 des 2020 - 16:33

De útspraak yn de dopingsaak fan ultrarinster Hinke Schokker fan Eastermar komt pas op 22 febrewaris. Tsjin dy tiid is se oardel kear langer skorst as dat se as ultrarinster aktyf west hat.

Hinke Schokker - Foto: De Vries Media

De saak wie begjin oktober en de tuchtkommisje fan de Nederlânske Dopingautoriteit soe yn earste ynstânsje binnen seis wiken útspraak dwaan. Op har Facebook seit Hinke Schokker dat hoe langer it duorret mei de útspraak hoe fierder it ultrarinnen fan har ôf komt te stean en dat se dat ek net slim fynt.

Schokker waard ferline jier op it NK yn Winschoten posityf test op it gebrûk fan in ferbean middel. De atlete brûkte dat om't se konsintraasjeferlies hie, mar sûnder doktersresept. Der hinget har in skorsing fan meardere jierren boppe de holle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)