Konkrete oanpak foar beskerming fan it Waad kommendewei

14 des 2020 - 16:32

De mienskiplike oanpak om de natuer en it lânskip fan it Waad te beskermjen, wurdt begjin takom jier hiel konkreet, skriuwt kommissaris fan de Kening Arno Brok as foarsitter fan it saneamde Omjouwingsberied Waadgebiet. Der sitte sawat alle by it Waad belutsen organisaasjes yn. Dat beried advisearret de oerheden oer it Waad. Neffens Brok binne der no konkrete maatregels en projekten kommendewei.

In slinke op de Boschplaat - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It gebrek oan konkrete besluten oer wat je wol en wat je net yn it Waad dwaan kinne, wie earder oanlieding foar de Waadferiening om net mei te wurkjen oan it meitsjen fan it saneamde ûntwerp Waadaginda 2050.

Boeren benaud

Yn dat dokumint stiet wat der yn it Waad gebeure moat om it goed te beskermjen. Op dat stik hat in soad ynspraak west, ûnder oare fan lânbou-organisaasjes. Dy binne benaud binne dat der nije ferbinings lein wurde tusken it sâlte Waad en harren gebiet. Dat soe dan min útpakke kinne foar de poatierappelboeren.

Mei in amendemint fan it CDA en de VVD yn de Twadde Keamer is ôfpraat dat de ynfloed dêrfan op de poatierappelsektor ûndersocht wurdt en dat dy ynformaasje meinaam wurdt yn de besluten oer dat soarte fan maatregels.

Konkrete projekten

It Ryk hat koartlyn dy Untwerp Waadaginda goedkard en alle oare oerheden dy't oer it Waad gean ek. Yn febrewaris sette alle belutsenen in hânteken foar dizze Waadaginda. Dêrnei komt der begjin 2021 in útfieringsprogramma mei konkrete projekten, sa lit Brok witte yn in ynstjoerd stik foar de media. It Ryk en de regionale oerheden sille dêr oer fan it simmer noch oerlis ha, sa skriuwe de ministers fan Lânbou, Natuer en Fiskerij en de minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat oan de Twadde Keamer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)