Primeur yn Grou: earste ferwaarming troch oerflaktewetter

It gebou fan de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) yn Grou wurdt foar seker de helte ferwaarme mei wetter út de Rjochte Grou. Moandeitemoarn waard dêrfoar feestlik de earste fergunning yn syn soart oerlange troch it wetterskip oan de FUMO en de gemeente Ljouwert dy't eigener is fan it gebou.
De fergunnings is moandeitemoarn oerlange mei FUMO direkteur Pieter Hofstra links, deistich wetterskipsbestjoerslid Annet van der Hoek yn it midden en de Ljouwerter wethâlder Hein de Haan rjochts. © Wetterskip Fryslân
Sa'n 60 prosint fan de beboude oerflakte yn Fryslân soe mei it wetter út ús marren en sleatten ferwaarme of kuolle wurde kinne. Dit moat dan barre mei in waarmtepomp. It wetter wat dan brûkt wurdt, komt yn de simmer waarmer en yn de winter kâlder werom yn it oerflaktewetter.
Foardiel fan dizze foarm fan enerzjy is ek dat it lânskip der net troch skeind wurdt lykas mei sinnepanielen en wynmûnen. De ynstallaasje yn Grou moat mear kunde opsmite oer de ynset fan 'aquathermie', mar der binne mear inisjativen yn Fryslân.

Drompel

De ynstallaasje yn Grou kostet 160.000 euro en makket diel út fan in gruttere ferbouwing dy't it gebou duorsumer meitsje moat. De kosten binne oant no ta wol wat in drompel foar oare inisjativen yn de provinsje. Sa is der in wyk yn Ljouwert dy't ek plannen hat foar in fergelykbere ynstallaasje. En ek yn Heech wolle se sjen nei de 'aquathermie'. It giet dêr om mear as 800 huzen.
Gemeentlik, provinsjaal en lanlik wurdt wol ynsetten op it fierder útbouwen fan dizze foarm fan duorsume enerzjy.