261 nije besmettingen yn Fryslân: 80 mear as snein

14 des 2020 - 14:30

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 261 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne 80 mear as snein, doe wiene it 181. Oer de lêste sân dagen sjoen, is it deistige trochsneed tal besmettingen 173.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne de ôfrûne 24 oeren op 'e nij fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (59). Opfallend is it tal besmettings op It Amelân. Dat wienen der 8.

Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel gjin stjergefallen as gefolch fan corona meld. Der binne boppedat ek gjin nije sikehûsopnamen meld.

Lanlik in delgong

Wêr't der yn Fryslân in flinke groei te sjen is, gong it lanlike tal besmettings omleech. Lanlik binne der 8496 nije besmettings konstatearre. Dat binne der 1417 minder as snein.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)