Hokker winkels en saken moatte aanst ticht en wa meie iepen bliuwe?

14 des 2020 - 16:36

Fan tolve oere fannacht ôf moatte alle 'net-essinsjele' winkels harren doarren slute en meie we minder minsken ûntfange. Fan tiisdei oant en mei tiisdei 19 jannewaris jildt de strangste lockdown oant no ta.

It skerm fan de klanteteller by de yngong fan de supermerk yn Dokkum - Foto: Omrop Fryslân

Supermerken en drogisterijen meie de doarren iepen hâlde. Datselde jildt foar alle soarchynstellings, lykas húsdokterspraktiken en sikehûzen. Ek ferpleech- en fersoargingshûzen bliuwe iepen, alteast as besikers har oan de maatregels fan dizze organisaasjes hâlde.

Njonken supermerken en drogisterijen, bliuwe biblioteken, banken en apoteken iepen. Ek toskedokters en fysioterapeuten meie ôfspraken trochgean litte.

Wa moatte ticht?

Alle 'net-essensjele' winkels gean ticht. Dêrmei doelt it kabinet op winkelsaken, dy't produkten ferkeapje dy't net nedich binne foar it deistich libbensûnderhâld. Tink bygelyks oan boumerken, túnsintra en boekesaken.

Ek kontaktberoppen moatte opnij de doarren ticht dwaan. Tink bygelyks oan kappers, skjintmespesjalisten en massazjesalons. It is gjin kontaktberop mar ek sportskoallen gean ticht.

Sawol basisskoallen as middelbere skoallen moatte ticht. Skoallen krije in bytsje útstel. Fan woansdei ôf moatte de doarren ticht oant en mei 19 jannewaris. Ek it heger ûnderwiis moat, foar safier't dat noch net it gefal wie, alles online dwaan.

Ek de berne-opfang slút de doarren. Allinnich minsken mei in essinsjeel berop meie de bern nei de opfang bringe.

Alles op in rychje

Saak iepen of ticht?
Supermerken iepen
Drogisterijen en apoteken iepen
Biblioteken iepen
Fersoargings- en ferpleechhûzen iepen
Húsdokters iepen
Sikehûzen iepen
Toskedokters iepen
Fysioterapeuten iepen
Boumerken en túnsintra ticht
Kleanwinkels ticht
Musea, pretparken, bistetunen, teaters ticht
Kappers, skjintmespesjalisten, massaazjesalons ticht
Sekswurklokaasjes ticht
Sportskoallen ticht
Swimbaden en sauna's ticht
Basisskoallen ticht fan woansdei ôf
Middelbere skoallen ticht fan woansdei ôf
Mbû, hbû en universiteiten ticht fan woansdei ôf
Berne-opfang ticht, allinnich iepen foar bern fan heiten en memmen mei essinsjele beroppen

Hoefolle minsken meie der op besite komme?

Yn oanrin nei de krystdagen is it goed om te witten hoefolle famylje en freonen der op besite komme meie. Dêroer is it kabinet dúdlik: leaver gjin minsken op besite. Foar binnen as bûten jildt dat der offisjeel 2 minsken op besite komme meie. Foar de krystdagen jildt in útsûndering: dan meie der 3 minsken komme.

Wol of gjin 'jûnsklok'?

De ôfrûne dagen waard der ek praat oer de mooglike ynfier fan in 'jûnsklok'. Neffens 'insiders' yn Den Haag komt dy der net.

Trefwurden: 
coronafirus lockdown
(Advertinsje)
(Advertinsje)