KwadrantGroep oer sluting Talma Hûs yn Feanwâlden: "Dit is een zeer heftig besluit"

14 des 2020 - 12:34

"Het is wikken en wegen tussen kwaliteit van leven en de kwaliteit van zorg die we willen leveren." Dat seit Jan Maarten Nuijens, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan de Kwadrant Groep nei oanlieding fan de sluting fan ferpleechhûs Talma Hûs yn Feanwâlden. It ferpleechhûs is fan snein ôf oant 20 desimber op slot. Dat makke de KwadrantGroep, dêr't de lokaasje ûnder falt, snein bekend op harren webside. "Dit is een heftig besluit, dat we hebben moeten nemen vanuit veiligheidsoverwegingen."

Talma Hûs yn Feanwâlden - Foto: Elkander

Yn Talma Hûs binne fjouwer bewenners en fjouwer meiwurkers posityf test op corona. "Uit voorzorg hebben we moeten besluiten om deze maatregel te nemen", seit Nuijens. "Het risico op besmettingen is gewoon heel groot. Mensen die nu klachten hebben, worden getest. Binnen de mogelijkheden die er zijn, willen we mensen binnen de locatie proberen op te vangen."

"Wikken en wegen"

Hoe't it coronafirus binnenkaam is, doart Nuijens net te sizzen. "Dat is een vraag die we onmogelijk kunnen beantwoorden. De bron is simpelweg niet te herleiden. Dat is het grote probleem." Foarearst binne de doarren fan Talma Hûs in wike ticht. "We hebben in ieder geval een week de tijd nodig om te kijken hoe het virus zich verder ontwikkelt", leit Nuijens út. "Daarna bekijken we of we de maatregelen kunnen versoepelen. Het is wikken en wegen tussen kwaliteit van leven en de kwaliteit van zorg die we willen leveren."

Begryp fan famylje

In wike lang mei der gjin besite komme yn Talma Hûs. Dat is dreech foar famylje, wit Nuijens. "Familie vindt het uitermate vervelend dat ze niet meer op bezoek kunnen komen. Maar er is gelukkig begrip voor de maatregelen die we nemen."

Jan Maarten Nuijens, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan de Kwadrant Groep

(Advertinsje)
(Advertinsje)