Famke op de fyts oanriden yn Drachten

Yn Drachten is moandeitemoarn krekt nei acht oere in famke op 'e fyts oanriden. It ûngelok barde op de T-splitsing fan de Lauwers en de Overstesingel. It famke waard oanriden troch in bestelbuske, mar rekke net slim ferwûne.
© De Vries Media
Meiwurkers fan de ambulânse hawwe it slachtoffer kontrolearre. Se hoegde net nei it sikehûs. De bestjoerster fan it bestelbuske kaam mei de skrik frij.