Corry krijt earste útpak-pakket: "Dit is fantastysk"

14 des 2020 - 11:14

Omrop Fryslân pakt út! Omrop Fryslân jout fan moandei 14 oant en mei snein 20 desimber útpak-pakketten kado oan minsken dy't yn dizze tsjustere dagen wol wat ekstra ljocht brûke kinne. It earste útpak-pakket dielde ferslachjouwer Geert van Tuinen moandeitemoarn út oan Corry Jorritsma yn Snits. Sy wie ferrast troch de attinsje. "Dit is fantastysk."

Foto: Omrop Fryslân

Corry hat sân jier pachter west fan it doarpshûs Oan it Far yn De Hommerts. "It docht my wol wat hear, ik bin net samar ophâlden", fertelt se. Dêrnei komme de triennen. Simone Koopmans hat har oanmeld. Beide froulju hawwe tegearre wurke yn De Hommerts. "It wie finansjeel net helber", leit Simone út. "Mar Corry hat it der noch hieltyd dreech mei. Fandêr dat ik Corry graach in krystpakket jaan wol."

Fanwege de coronakrisis koe Corry gjin ôfskied nimme fan de minsken yn De Hommerts. "Dat fyn ik just sa skande. Mar de minsken dy't graach ôfskied fan my nimme wolle, dy witte my te finen."

Corry Jorritsma krige it earste útpak-pakket

(Advertinsje)
(Advertinsje)