Wat moat der takom jier yn de beam hingje mei de krystdagen?

Glimmende krystballen, gouden of sulveren slingers en hûnderten lytse ljochtsjes: it binne al jierren de fêste yngrediïnten fan elke krystbeam. Mar is it net ris tiid foar wat oars? Kryst-kenner Adelien Zwaan jout alfêst wat tips foar takom jier. "Met prachtige pareltjes in het stroomsnoer maak je van je lichtjes een echte eye-catcher."
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Wêr't de measte minsken allinnich yn desimber it krystguod fan souder helje, sit Adelien Zwaan fan gruthannel Peha yn Snits it hiele jier yn krystsfearen. "Bij ons is het 365 dagen per jaar kerst", laket se. As gruthannel leveret Peha krystguod oan allerhanne megastores, túnsintra en webshops. Fier yn it foar beslút Peha al wat takom jier de trends wurde. "Hier in de showroom zie je nu al de kerstversiering voor volgend jaar."

Duorsume trends

Foar wa't takom jier al hielendal up-to-date wêze wol mei de krystbeam en fersiering yn hûs, hat Adelien in pear tips. "Verlichte ballen zijn volgend jaar helemaal hip", wiist se. "Maar ook ballen waar nepsneeuw in zit zijn populair. Bovendien zie je pareltjes in het lichtsnoer, zodat ook het snoer een versiering wordt. En een duurzame trend zijn de LED-lampjes van glas."
Njonken de tradisjonele kleuren lykas goud, sulver, read en grien, binne ek hippe tema's lykas rôze takom jier hielendal 'yn'. Boppedat is der in nije trend: de natoer-style. "Dat zijn producten met een natuurlijke look", leit Adelien út. "We merken dat mensen steeds meer op zoek zijn naar natuurlijke elementen in huis. Dus ook tijdens de kerstdagen."
Ferslachjouwer Johanna Brinkman sjocht har eagen út
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Fryske Dickens-doarpkes

Opfallend binne de Fryske krystdoarpkes yn de showroom fan Peha. Dizze doarpkes binne miniatuerdoarpkes dy't de Alvestêdetocht útbyldzje. "Deze 'Dickensville Elfsteden-serie' hebben we zelf bedacht", fertelt Adelien. "Het is een complete serie miniatuurhuisjes en figuren die de tocht der tochten weerspiegelen. Het nostalgische thema zorgt ervoor dat mensen hun fantasie erop los kunnen laten en hun eigen verhalen kunnen creëren. Je maakt een droomwereld voor jezelf."
Ek al is it foar Adelien 365 dagen yn it jier krysttid, dochs fynt se de oanrin nei de echte krystdagen noch altyd bysûnder. "Dat komt vooral door al die gezellige lichtjes in deze donkere tijd. Een tijd waarin we ons huis zo knus mogelijk maken. Dit is niet voor niets de mooiste tijd van het jaar."
Adelien Zwaan leit út wat de trends takom jier wurde
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman