Kollum: "Lisstoel"

14 des 2020 - 08:22

"Goed in jier neidat wy ferhûze binne nei Boelensloane binne wy noch altyd drok oan it ferbouwen. Wêr't wy yn Drachten ta koenen mei in setsje skroevedraaiers en in wetterpomptange, ha wy op ús nije stekje it ôfrûne jier al hiel wat ark oanskaft. Fan in nije boarmasine oant in kettingseage en alles wat dêr tuskenyn sit. Stadichoan begjint ús arkhok al wat op dat fan ús heit te lykjen.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

In pear wiken lyn moasten wy grutte dikke balken seagje foar de carport. Krekt in klusje foar ús heit. Moarnsbetiid kaam syn grize golfke by ús it hiem op riden. Fan foar oant achter ôfladen mei masines. Fan boarmasines oant de liniaalseage; hy hie alles by him. Mar it moaiste apparaat wie syn ôfkoartseage, dy't alles mar dan ek echt alles seagje koe.

Foarsichtich tilden wy it apparaat út de kofferbak. Tegearre beseagen wy de dikke houten balken en de skeane hoekjes dy't der út seage wurde moasten. Gjin probleem, wie ús heit syn konklúzje. It seachblêd yn syn seachmasine koe alle kanten op draaid wurde. Sterker noch: as it moast koenen we sels horizotaal, fertikaal en diagonaal tagelyk seagje.

Ik stie fol fernuvering te sjen nei it seachapparaat en alles wat der mooglik wie. Us heit wie folslein yn syn elemint en draaide oan knopkes en skroefkes. Doe wie it safier en koe de earste balke seage wurde. Sekuer loerde er lâns de laserstraal dy't presys oanjoech wêr't it seachblêd komme soe. En doe - mei in alderheistlikst leven - seagen wy ús earste balke.

Sa'n fjirtich balken fierder wie it boupakket foar de carport klear. 'Moai ding net', sei ús heit grutsk en blaasde it lêste seachsel fan syn seachmasine. Ik koe net oars as tajaan dat er in prachtige masine hie. 'Wat hat soks koste dan', frege ik. 'Jim mem en ik hienen der moai fan op fakânsje kinnen', lake er.

Gelokkich wit ús mem hoe sljocht ús heit mei syn ark is. Doe't er syn djoere seachmasine yn de winkel fan Klunder kocht, krige de ferkeaper meilijen mei ús mem. Dêrom krige sy fan de ferkeaper fergees in lisstoel. No't ús heit al it fakânsjejild der trochhinne brûsd hie, koe sy yn elk gefal thús yn 'e tún yn 'e sinne lizze.

Yntusken stiet de lisstoel by ús yn it hok te wachtsjen oant it wer simmer wurdt. Dit wykein kaam ik it ding tsjin doe't ik de gersmeaner nedich hie. In gersmeaner op stroom, dy't wy fergees fan skoanheit krigen ha. Baantsje foar baantsje giet er ús grutte gersfjild te liif. Bist yn elk gefal oardel oere dwaande en moast by elk baantsje de stroomtried ferslepe om foar te kommen datst der oerhinne meanst.

'Wy moatte in nije gersmeaner ha. Ik wol sa'n trekkerke', sei ik doe't ik ferklomme binnenkaam. 'Wist wol wat soks kostet', wie it antwurd. Ik ha fuort efkes socht. Eeeh... Hjir moat wol twa lisstuollen bylevere wurde."

(Advertinsje)
(Advertinsje)