Seehûnepups lizze litte en ôfstân hâlde: it is efkes wennen foar it grutte publyk

14 des 2020 - 07:07

Lizze litte en ôfstân hâlde: dat is fan no ôf de ôfspraak as it giet om seehûne-pups yn it waadgebiet dy't yn de problemen rekke binne. Dizze ôfspraak is de kearn fan de nije regels dy't ferskate organisaasjes fan't simmer ôfsprutsen hawwe yn it saneamde Seehûne-akkoart. En dat is benammen foar it grutte publyk efkes wennen.

Rêstige start fan it earste seehûne berteseizoen ûnder it nije seehûne akkoart

Op it Waad is it no de tiid wêrop't grize seehûnen pups krije. Dat is dit jier suver wat betider as oars. It is ek foar it earst dat soks bart ûnder de regels fan it nije Seehûne-akkoart. Yn dit akkoart steane ûnder oare lanlike ôfspraken oer wannear't seehûnen meinaam wurde meie en wannear net.

By stoarmwaar wolle de pups noch wol ris fan de platen yn it Waad ôfkomme en op de Waadeilannen belânje. Troch it rêstige winterwaar komme der no relatyf minder seehûnen yn de problemen. Yn de seehûne-opfang yn it Grinzer Pieterburen wurde op dit stuit twa pups opfongen; ien fan Flylân en ien fan Skylge. As seehûnen opfang nedich hawwe, is dat it plak dêr't sy hinne gean.

In jonge grize seehûn. - Foto: Ies Akkerdaas

Yn it akkoart is ôfsprutsen dat seehûnen dy't help nedich lykje te hawwen, langer observearre wurde foardat yngrepen wurdt. "Zo werkten we eigenlijk al. Dus wat dat betreft liepen we in de uitvoering eigenlijk al op de zaken vooruit zou je kunnen zeggen", seit Sander van Dijk fan de seehûne-opfang yn Pieterburen.

"Verf op de rug"

"De regels zijn in het algemeen dat je een zeehondenpup laat liggen als hij niet zichtbaar verwond of ernstig ziek is. En dat er 24 uren monitoring gaat plaatsvinden", leit bistedokter Ies Akkerdaas fan de Zeehondenopvang Terschelling út. "We kijken of er nog een moeder in de buurt is, of de pup al gespeend is en zelfstandig is. Kan hij zich weer herpakken en na een rustperiode weer terug naar zee gaan?"

Grize seehûn mei jong op Skylge. - Foto: Remco de Vries

De útfiering fan it Seehûne-akkoart fan dit jier betsjut dat de frijwilligers op de eilannen no 'zeehondenwachters' neamd wurde. "Voor deze vrijwilligers die langs de kust actief zijn, verandert er eigenlijk niet eens zo heel erg veel", seit Van Dijk fan seehûne-opfang Pieterburen. "Ze worden nu zeehondenwachters genoemd. Dat is een officiële term en dat wordt ook zo erkend. Zij zijn de enigen die straks nog zeehonden mogen aanraken. Voor het akkoord was het theoretisch zo dat het publiek dat ook mocht."

De frijwilligers moatte hjirfoar op 'e nij oplaat wurde. Dy oplieding wurdt op dit stuit ûntwikkele. Van Dijk: "Zoals zoveel dingen heeft ook deze ontwikkeling wat vertraging opgelopen door corona. Maar het is nu in volle gang. We hopen in de loop van volgend jaar die opleiding ook daadwerkelijk te kunnen starten."

"Meer contacten tussen mensen en zeehonden"

Wat dat oanbelanget liket de rêstige start fan it berteseizoen fan de grize seehûnen wol goed út te pakken. "Toch is er ook een keerzijde", sa sjocht Van Dijk. "Mensen gaan wat meer op pad in eigen land. Wij verwachten dat er daardoor meer contacten zullen zijn tussen mensen en zeehonden. We hopen dan ook dat de boodschap dat je voldoende afstand moet houden goed doordringt."

Om't de seehûnen sa lang ûnder observaasje bliuwe, is it fansels wichtich dat sy net fersteurd wurde en dat betsjut dat it publyk ek it ien en oar dúdlik makke wurde moat. Akkerdaas leit út hoe't dat yn syn wurk giet. "Er zijn nu borden gekomen die nog geplaatst moeten worden. Maar er is in ieder geval een 'format' voor een bord waarop met pictogrammen staat dat je 30 meter afstand moet houden en honden aan de lijn moet doen. Ook geven we aan dat zo'n zeehondenpup onder observatie is. Dat kan je eigenlijk altijd zien omdat 'ie met verf wordt gemerkt op zijn rug. En tot slot is er een landelijk meldnummer; 144."

Sander van Dijk fan de seehûne-opfang yn Pieterburen

De twa pups fan grize seehûnen yn de opfang fan Pieterburen - Foto: Omrop Fryslân

In seehûn lizze litte kin net altyd op begryp rekkenje fan it publyk, sa witte seehûne-deskundigen op Skylge. "Veel mensen denken dan toch van 'ach zo'n ziek, zielig zeehondje met die grote lieve ogen op het strand' en dan stuit je toch op onbegrip als je ze laat liggen", seit Ies Akkerdaas. "Maar mensen moeten ook niet vergeten dat zeehonden al vanaf een maand oud door hun moeder worden verlaten en dat ze het dan volledig zelfstandig moeten rooien. Ze beginnen dan aan een best zware periode, waarin ze kinderziektes moeten overwinnen zoals de longworminfectie die zeehonden vaak treft. Ook hierdoor zie je ze ook vaak op het strand liggen. Maar dat hoort er bij."

Nei it fierste ein

En it mei dan wol rêstich wêze mei de opfang fan seehûnen; dat betsjut net dat der gjin jonge seehûnepups oanspiele. Bytiden lizze der pups op in wat ûngelokkich plak, lykas by in strânoergong. As sy dêrtroch te faak fersteurd wurde troch minsken, wurde de bisten op Skylge nei de fierste úteinen fan it eilân brocht nei plakken dêr't sy minder of gjin minsken tsjinkomme.

Bistedokter Ies Akkerdaas fan de Zeehondenopvang Terschelling

(Advertinsje)
(Advertinsje)