Skoalle op It Amelân foarearst ticht fanwegen coronabesmetting

13 des 2020 - 21:15

Op It Amelân giet de Burgemeester Waldaskoalle yn Nes foarearst ticht. Ien fan de learlingen is posityf test op it coronafirus. De direksje hat dêrom it beslút naam de skoalle ticht te dwaan en oer te gean op online lessen.

Foto: Shutterstock

It is net bekend hoe lang de skoalle ticht bliuwt. De direksje seit 'voorlopig'. Sûnt 28 septimber binne der op it eilân 57 ynwenners posityf test.

(Advertinsje)
(Advertinsje)