Alwer brân yn Twizelerheide, brânwacht bliuwt yn kazerne

13 des 2020 - 20:58

Yn Twizelerheide hat sneintejûn opnij brân west. Dizze kear wie it in bulte mei rommel oan it Pleinpaed. Neffens RTVNOF is de brânwacht nei oerlis mei de plysje yn de kazerne bleaun. Sneontejûn waard by it útmeitsjen fan in brantsje yn Twizelerheide mei karbid sketten.

Foto: RTVNOF

De brânwacht is dizze moanne yntusken ferskate kearen ynset foar brannen yn it doarp. Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen makket him soargen oer de ynsidinten yn syn gemeente. Hy snapt de jeugd him ferfeelt troch de coronakrisis, "mar wat net akseptabel is, is dat in stik as acht bushokken opblaasd binne yn Surhústerfean, bankjes yn de hens yn Twizelerheide. Dat is fandalisme."

Hy hopet dat âlden en fersoargers mei de bern prate. Brouwer ferwachtet ek dat der mei âld en nij mear fernielingen binne as oars.

(Advertinsje)
(Advertinsje)